Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ120703

Een mop (mondeling), maandag 30 juli 1979

Hoofdtekst

De boer hie in feint. Se ieten mei har trijen út ien panne: de boer, de boerinne en de feint. Foar elk fan har lei in stik spek, in stik foar de boer, in stik foar de frou, en in stik foar de jonge. Dy stikken spek leinen fansels yn 'e panne. It gebeurde altyd sa: it greatste stik spek lei foar de boer.
Doe op in kear giet de jonge hinne en pakt de panne beet en seit: "Dit is in moaije panne. Wylst draeit er de panne sa, dat it greatste stik spek foar him komt to lizzen.
Mar de boer giet hinne en seit: "Dy panne kostet my 25 stûren", en hy draeit de panne sa, dat it greatste stik spek wer foar hìm leit.
Dan giet de jonge hinne en seit: "Dat is net djûr", en hy draeit de panne wer sa dat hy it greate stik spek foar him lizzen hat.
"Né," seit de boer, "dat wie guodkeap." En hy hat meiiens it spek wer nei him tadraeid.
Dan krijt de jonge de panne wèr beet en seit: "Dan nim ik him fuort fan jo oer." Wylst er dat seit pakt er it greatste stik spek mei de foarke beet en yt it op.

Onderwerp

AT 1568* - The Master and the Servant at the Table    AT 1568* - The Master and the Servant at the Table   

ATU 1568* - The Master and the Farmhand at the Table.    ATU 1568* - The Master and the Farmhand at the Table.   

Beschrijving

Bij een boer eet men altijd gezamenlijk uit een grote pan. Het grootste stuk spek komt altijd voor de neus van de boer te liggen. Een slimme knecht die ook wel eens een groot stuk spek wil, draait de pan naar zich toe en zegt hierop tegen de boer dat die een mooie pan heeft. De boer zegt vervolgens dat die pan hem vijfentwintig stuivers heeft gekost en draait het grootste stuk spek weer naar zichzelf toe. De knecht zegt hierop - al draaiend - dat dat erg duur is maar de boer - draai terug - vindt juist van niet. De knecht neemt hierop de pan - die toch niet duur was - van de boer over en pakt het grootste stuk spek.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1207, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

30 juli 1979
The Master and the Servant at the Table

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21