Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ121203

Een mop (mondeling), vrijdag 03 augustus 1979

Hoofdtekst

Binnenrust is in boereplaets yn Garyp. 't Hat froeger in stins west mei grachten dêr omhinne. Op it hiem fynt men noch liken yn 'e groun. Froeger wie dêr in paed lâns: de Gravinneloane, dy bigjint by de Koekoek yn Sumar, en dy einet yn Aldeboarn. De gravinne fan Burgum ried dêr yn 'e simmer faek lâns. Sa is dy namme ûntstien.
Yn 'e tiid fan Napoleon wie dat noch it offisiele paed.
't Gebeurde yn dy tiid dat de biwenners fan Binnenrust mei de feinten en fammen sieten to kofjedrinken. Doe seach de faem de loane út. Hja sei: "Dêr komme twa soldaten fan Napoleon oanriden op 't hynder. Dy stekke hjir oan."
"Bliksem," sei de boer, "dat is om sinten bigoun." Der lei in gracht om Buitenrust hinne en in izeren hek siet foar de yngong. Yn 'e tiid dat se dêr troch kamen moest de boer it jild forstopje. Mar de beide ruters sprongen mei de hynders fuortdaliks oer de gracht hinne, dat de boer wie alhiel foralterearre.
De twa sochten it hiele hûs troch om jild, mar se founen neat. Doe gongen se wer fuort.
"Hwat haw ik yn noed sitten doe't se yn 't kammenet omklauden", sei de boer.
Doe sei de âld frou: "Ik ha de ponge mei jild der út naem, wylst se oer de gracht sprongen en him yn 't sûpfet dien."

Beschrijving

Als twee soldaten van Napoleon geld willen roven, verbergt een oude vrouw het geld in het soepvat.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1212, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

3 augustus 1979

Naam Overig in Tekst

Koekoek    Koekoek   

Binnenrust    Binnenrust   

Buitenrust    Buitenrust   

Naam Locatie in Tekst

Garyp    Garyp   

Gravinneloane    Gravinneloane   

Sumar    Sumar   

Aldeboarn    Aldeboarn   

Burgum    Burgum   

Napoleon    Napoleon   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21