Hoofdtekst
Ielke Forwoest wenne yn Kûkherne. Omdat it sa'n forwoesteling wie neamden de minsken him sa. Hy joech nergens om. Hy sei om 't oare wurd in flokwurd en spotte mei alles. Op in kear wie er mei it jongfolk oan 't fierspringen. 't Wie by de Kûkhernster feart.
"Gjin duvel dy't tsjin my springe kin", sei er.
Mar doe kaem der ien dy koe fierder as hy. Dat wie de duvel sels. Dy liet de print fan syn hynstepoat yn 'e stien oan 'e kant achter. Doe hie Ielke it forlern, hwant dy sprong samar oer de feart hinne.
Letter hat Ielke ek noch mei him fochten. Mar dat moest er èk forlieze, hwant al wie er dan foar gjin duvel bang, nei't er sei, se hawwe him op in moarn dea yn 'e hûs foun mei de holle omdraeid.

Onderwerp
SINSAG 0893 - Die Teufelsprägung   
Beschrijving
Een vloekende spotter pocht dat 'geen duivel' beter slootje kan springen dan hij. Prompt verschijnt de duivel zelf en springt hij moeiteloos over het water. De duivel laat een afdruk van een paardenvoet - een 'duivelsprent' - achter in het steen. De zondaar heeft later nog eens met de duivel gevochten. Zijn onverschillig gedrag is de zondaar duur komen staan: op een dag werd hij dood aangetroffen met het hoofd omgekeerd op de romp.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1214, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
28 augustus 1979
Die Teufelsprägung en SINSAG 0916 Kampf mit dem Teufel.
Naam Overig in Tekst
Ielke Forwoest   
Kûkhernster   
Ielke   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21