Hoofdtekst
Piter Poes kaem út 'e kusten fan Liphuzen. Dêr wie er wol hwat bikind. Op in kear wie er dêr hinne. Doe't er wer nei Sumarreheide ta soe trof er twa advokaten.
Dy soenen út to riden nei Garyp ta. It wienen Lubbert en Olfert. Piter Poes koe se wol. It wienen greate stjonkerts. Se rûpelen it gewoane folk út. It wienen hiele minnen.
Piter frege of er mei ride koe en dat gong oan. Underweis hearde er nei har forhalen. It wienen allegearre gemene streken dy't se úthelle hienen. Yn Garyp hienen se in pear saken to bidisseljen dêr't ek al in luchtsje oan siet.
Piter tocht: dy mannen matte út 'e sirkulaesje wei foar't se noch mear lju ûngelokkich meitsje.
Doe't se yn Garyp oankamen seinen se: "Nou matte wy hjir hâlde."
"Ho!" seinen se tsjin 'e hynders.
Mar Piter Poes sei: "Trochride. Trochride."
En de hynders rounen troch. Hja seinen ho, ho, mar tsjin 'e kunsten fan Piter koenen se net op. It gong sa hurd, dat se koenen ek net út 'e wein weikomme.
Hja wienen al troch Garyp hinne en rieden de Earnewâldsterdyk del en doe de Prikwei yn. Doe't se de Prikwei hawn hienen rieden se oerdwars in stik lân yn. Dêr hâldden se stil.
"Hjir sille jimme altyd bliuwe", sei Piter Poes. En dat is ek sa gebeurd. Se ha it lân noait wer forlitte kind en waerje der noch altyd as spûken roun. It stik lân krige de namme fan advokatelân. (Dêr njonken leit de Spûketsien, dat eigendom is fan 'e Eastemarre tsjerke.)

Onderwerp
SINSAG 0410 - Der gebannte Geist.
  
Beschrijving
Duivelbanner Piter Poes verbant twee gemene advocaten die het volk uitbuiten naar een stuk land dat daarna de naam 'Advocatenland' draagt. De advocaten blijven altijd op het stuk land ronddolen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1219, verhaal 13 (archief MI)
Commentaar
30 augustus 1979
Der gebannte Geist.
Naam Overig in Tekst
Piter Poes   
Liphuzen   
Lubbert   
Olfert   
Piter   
Spûketsien   
Naam Locatie in Tekst
Sumarreheide   
Garyp   
Earnewâldsterdyk   
Prikwei   
Eastermar   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21