Hoofdtekst
Jelle hountsje (van der Wal) hat hjir njonken ús wenne.
Hy fortelde fan in doomny, dy stie in kear op in snein-to-moarn to preekjen. Dêr roun in feart midden troch 't doarp hinne en doomny koe fan 'e stoel ôf sjen hwat der op 'e feart gebeurde.
Dêr wie dy moarns in fisker oan 't fiskjen. Krekt helle dy de angel op en dêr siet in hiele grouwe fisk oan.
De dûmny hie al syn gedachten dêr by en doe't er dy fisk seach, liet er him ûntfalle: "De Duivel, dat is een baas." Mar fuort der achteroan sei er gau: "... die de mensen verleiden gaat."

Onderwerp
VDK 1833D* - "Wat een dikke!"   
Beschrijving
Een dominee die vanuit zijn preekstoel zicht heeft op water waar vaak gevist wordt, ziet tijdens een preek een visser een enorme vis ophalen. De dominee flapt er uit 'De duivel, dat is een baas', maar probeert de situatie te redden door er vlug '...die de mensen verleiden gaat' aan toe te voegen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1221, verhaal 8 (archief MI)
Commentaar
17 augustus 1979
"Wat een dikke!"
Naam Overig in Tekst
Jelle   
van der Wal   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21