Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ122312

Een sage (mondeling), donderdag 23 augustus 1979

Hoofdtekst

Jehannes Hinses wie de soan fan Hinse Jehannes en wenne ek op it Swartfean. Hinse Jehannes wie duvelbander, mar Jehannes Hinses wie mear fé- en wûnderdokter.
Jan Meint fortelde, it earste hynder dat er kocht hie, dat hie er to Ljouwert kocht foar in skaplike priis fan in frommis. Dat wie in sigeunerfrommis. Dy lju hienen altyd hynders yn 'e handel. Meastal skeelde dêr hwat oan. De sigeuners wienen Kamkasyske hynstekeaplju. De hynders wienen hiel faek dampich. Mar dat fornaem men net as men se kochte. Se joegen de hynders earst hwat foardat se op 'e merk forskynden. Dat namen dy hynders yn en dan koe men net sjen dat se dampich wienen. Se ha dat guod ris in kear opstjûrd nei Wageningen, omdat men witte woe hwat se dy hynders eins joegen, mar dat koenen se dêr yn Wageningen net útmeitsje. Dat geheim biwarje de sigeuners.
It hynder dat Jan Meint to Ljouwert kochte, wie net dampich, mar it hie in iepen plak op 'e nekke. It sigeunerfrommis sei, dêr hie brân west en dêrtroch hie it hynder de nekke biseard. 't Wie dus in brânwonde.
Jan Meint kaem thús mei 't hynder. Syn buorman, âlde Binne Kloosterman, in greate boer, biseach de wonde ris en sei doe: "Dat komt net fan in brân, Jan, dat is in fistel."
"Kin dit wol better?" frege Jan Meint.
"Dat wurdt al in toer, jonge", sei Binne Kloosterman. "Der is miskien ien dy't der rie op wyt, dat is Jehannes Hinses fan it Swartfean. Dy mast freegje om hwat guod."
Jan hat dat dien. Hy hat de wonde mei dat guod tichtsmard en doe de moanjes der hwat oerhinne dien en sa hat er it hynder wèr forkocht.

Beschrijving

Een duivelbanner behandelt een paard met een fistel door de wond met een goedje dicht te smeren. Het paard wordt vervolgens weer voor de verkoop aangeboden.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1223, verhaal 12 (archief MI)

Commentaar

23 augustus 1979

Naam Overig in Tekst

Jehannes Hinses    Jehannes Hinses   

Hinse Jehannes    Hinse Jehannes   

Jan Meint    Jan Meint   

Kamkasyske    Kamkasyske   

Binne Kloosterman    Binne Kloosterman   

Jan    Jan   

Naam Locatie in Tekst

Swartfean    Swartfean   

Ljouwert    Ljouwert   

Wageningen    Wageningen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21