Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ122601

Een sage (mondeling), maandag 10 september 1979

Hoofdtekst

De Trynwâlden
De âlde wie in widdoufrou en hja wenne yn Aldtsjerk. Hja hie in hiele greate buorkerij. Har eigendommen strekten har út oant oer de greate strjitwei dy't fan Ljouwert nei Grins ta rint, oan Kanaän ta (dat is Suwâld). Doe't de bern trouden, krigen dy elk in hoeke fan al dat lân.
De earste: Reade krige in stik, dat waerd nei him Readtsjerk neamd.
De twadde soan hiet Oene. Dat waerd in greate bouboer. It sied dat er forboude moest er allegear mealle. Dêrom boude er in moune yn Mouneein. Hy die dat mei opset omdat dêr in great farwetter wie, in greate mar. Dy moest in namme ha. It wetter wie roetswart. Hy koe der mei de skou oer. Doe sei er tsjin 'e frou: "Nou kinst dy noait bigripe hoe't ik dy mar neame wol. Dy hat deselde kleur en itselde model as dyn broek. Dy neam ik tonei Swarte broek. Mar," sei er, "binoarden Swarte broek is it krekt dyn bûk."
Doe sei sy: "Dan is dat it waeigat."
Grytsje, in dochter fan de widdoufrou, krige ek in pleats.
De widdou sei: "Meist net fierder komme as dy feart dêr: de Murk." Dat waerd Gytsjerk.
Doe kaem Rypke oan 'e beurt. Dy moast it doarp Ryptsjerk neame. Hy mocht net fierder gean as de greate strjitwei Ljouwert-Grins, sei syn mem.
Doe wie Tytsje noch oan 'e beurt. Dat wie de jongste. Hja wie slim fordoarn en woe noait omsizzen jaen. De âld widdoufrou sei: "Dû moast mar oan 'e oare kant de greate strjitwei wenje, dan sjogge wy dy alle dagen net." Sa is Trynwâlden ûntstien.
De âld widdou dy't safolle lân oan har bern joech, hiet fan Tryn. Dêr is de namme Trynwâlden fan ûntstien.

Onderwerp

TM 2601 - Hoe het dorp (de stad, heuvel, straat, een plek of het stuk land) aan z'n naam is gekomen    TM 2601 - Hoe het dorp (de stad, heuvel, straat, een plek of het stuk land) aan z'n naam is gekomen   

Beschrijving

De verteller vertelt hoe een heleboel plaatsen aan hun naam zijn gekomen.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1226, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

10 september 1979
Hoe het dorp (de stad, heuvel, het stuk land) aan z'n naam is gekomen

Naam Overig in Tekst

Reade    Reade   

Oene    Oene   

Mouneein    Mouneein   

Swarte broek    Swarte broek   

Grytsje    Grytsje   

Rypke    Rypke   

Ljouwert-Grins    Ljouwert-Grins   

Tytsje    Tytsje   

Tryn    Tryn   

Naam Locatie in Tekst

Trynwâlden    Trynwâlden   

Aldtsjerk    Aldtsjerk   

Ljouwert    Ljouwert   

Grins    Grins   

Kanaän    Kanaän   

Suwâld    Suwâld   

Readtsjerk    Readtsjerk   

Murk    Murk   

Gytsjerk    Gytsjerk   

Ryptsjerk    Ryptsjerk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21