Hoofdtekst
De Bouwe-pet rint fan 'e bûterfabryk (nou opheven) fan Gytsjerk rjochting Feanwâldsterwâl. De lêste helte hyt Mûzerit.
Twa greate reuzen foeren mei in greate houten skou fan Ljouwert oer de Greate Wielen nei Gytsjerk. Dêr koenen se net fierder, hwant dêr hâldde it wetter op.
De iene reus hiet Bouwe - dêr fandinne de namme Bouwe-pet, mar de oare syn namme is net bikind.
Bouwe wiisde nei Feanwâlden, en doe sei er tsjin syn maet: "Hoe komme wy dêr?"
Doe sei syn maet: "Wy brekke de skou dwarstroch. Dan ha wy elk in skeppe."
Doe sei Bouwe: "Goed, dan bigjin ik hjir to graven en dû bigjinst fan Feanwâlden ôf."
Sa dienen se en doe kamen se op it lêst by inoar.
Doe sei de iene, dy't yn Feanwâlden bigoun wie tsjin 'e oare: "Hwatstû dêr groeven hast is mar in petsje" (d.w.s. smel). Mar Bouwe sei: "As ik dinen bisjoch, dat is in mûzerit. Dêr sit net in rjocht eintsje yn."
Sa binne dus dy beide nammen ûntstien.

Onderwerp
TM 2601 - Hoe het dorp (de stad, heuvel, straat, een plek of het stuk land) aan z'n naam is gekomen   
Beschrijving
De verteller vertelt hoe twee dorpen aan hun naam gekomen zijn. Reuzen hebben tijdens graafwerkzaamheden bepaalde woorden gesproken die later als naam voor het dorp gingen gelden.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1226, verhaal 2 (archief MI)
Commentaar
10 september 1979
Hoe het dorp (de stad, heuvel, het stuk land) aan z'n naam is gekomen
Naam Overig in Tekst
Bouwe-pet   
Mûzerit   
Greate Wielen   
Bouwe   
Naam Locatie in Tekst
Gytsjerk   
Feanwâldsterwâl   
Ljouwert   
Feanwâlden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21