Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ122605

Een sage (mondeling), maandag 10 september 1979

Hoofdtekst

Myn frou komt fan Ginnum en Reitsum yn Ferwerderadiel. To Ginnum wenne in âlde frou, dy gong foar in tsjoenster troch. As der guon siik wienen brocht it minske dêr altyd fruit hinne.
Myn frou hie reafonk doe't it in famke wie. Doe brocht dat âld minske dêr ek fruit hinne, fan allerhande soarte en fan 't allermoaiste. Doe kaem myn frou har beppe en dy seach dat fruit. Doe't se hearde hwa't dat brocht hie sei se: "Dat guod is bitsjoend. Net opite."
Mar myn frou woe dat fruit net kwyt. Se gûlde it hast út, sa lekker like it har ta. Doe sei har beppe tsjin skoanmem: "Dan mast hinnegean en nim út elke frucht in hapke en dat mast dan wer útspuije. Dan kin 't gjin kwea mear, en kin 't fanke se gerêst opite. It griisde myn frou oan fan dy skoandere fruchten. Mar skoanmem hat it dien en doe hie 't gjin kweade gefolgen.
Se seinen fan dat minske, dat se har jouns yn in swarte kat foroare. Skoanmem har mem leaude dat ek grif.
Op in joun let siet it jongfolk achter in swarte kat oan. Se smieten der op mei stiennen en ien rekke de kop fan it beest. Mar de oare deis hie dat âld minske - de tsjoenster - in blau plak oan 'e holle.
Doe't myn frou dêr as famke mei reafonk lei, sei har beppe: "Wy matte it kessen neisjen dêr't se de holle op lizzen hat." Dat ha se dien en doe kamen dêr krânsen fan fearren út. Dy hie dy tsjoenster der yn tsjoend, sei myn frou har beppe. Hienen der trije yn sitten, dan hie myn frou dea gong. De krânsen ha se út elkoar helle en forbrând.
Myn frou har folk wenne tsjin 't tsjerkhôf oan. Skoanheit hat tydlik deagraver west. 't Wie yn Ginnum.
Dêr is in famke overleden dy't like âld wie as myn frou. De oare moarns nei har forstjerren kaem de âld tsjoenster by myn skoanfolk oer de flier. Hja praette mei skoanmem. Doe gong se it tsjerkhôf op. Skoanmem tochte: Ik mat ris sjen hwat se docht en se seach troch in rútsje hinne, dat sicht hie op it tsjerkhôf. Doe seach se dat it âld minske in hânfol modder opkrige en dat se dat oer it grêf fan it bern struide.
Doe't skoanmem dat oan har mem fortelde, sei dy: "Nou witte wy ek, hwa't it bern bitsjoend hat."

Onderwerp

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

Een vrouw - een vermeende heks - brengt altijd betoverd fruit bij zieke kinderen. Als uit elke vrucht een hap wordt genomen en die hap wordt weer uitgespuugd, is het gevaar geweken. De heks zou zich 's avonds in een zwarte kat veranderen. Als de heksenkat eens met een steen bekogeld wordt, heeft de heks de volgende dag een blauwe plek op het hoofd. Een ziek meisje blijkt door de heks betoverd: verenkransen prijken in haar kussen. Als er drie kransen voltooid zouden zijn, zou het meisje gestorven zijn. De kransen worden verbrand. De heks werpt eens een handvol modder over het graf van een door hekserij gestorven meisje.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1226, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

10 september 1979
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen en TM 3101 Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Locatie in Tekst

Ginnum    Ginnum   

Reitsum    Reitsum   

Ferwerderadiel    Ferwerderadiel   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21