Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ122705

Een sage (mondeling), donderdag 20 september 1979

Hoofdtekst

Adam Hurdrider wie de kampioenreedrider fan Fryslân. Net ien dy't hurder ride koe as hy. Op in kear hied er wer nei in hurdriderij ta west en de earste priis woun. De measte hurdriders stutsen nei ôfrin yn 'e herberch oan, mar dat die Adam noait. Dy makke dan dat er thús kaem. Drank woe er net ha. Hy streke aerdich ta op wei nei hûs ta. Doe fornaem er dat der ien achter him oan kaem. Hy tochte: bliksem, dat giet hurd, ik mei wol hwat mear oan 'e achterste skonk lûke.
Mar dy oare die dat blykber ek, hwant op 't lêst, dêr wie er al njonken him.
Adam sei tsjin him: "Dû hast de gong der omraek yn."
Mar dy oare sei neat werom. Hy ried by him lâns.
Doe kamen se by in brêge. Dêr skeat Adam ûnder troch. Wylst sette de oare noch mear hakken en stoude Adam mei in feart foarby. Doe sei Adam: "Nou kin 'k wol ophâlde, hjir kin 'k dochs net tsjin ride; ik ha net iens sjoen dat er redens ûnder 'e poaten hie." Hy boun de redens ûnderwei. It wie de boaze sels dêr't er mei riden hie.

Onderwerp

SINSAG 0906 - Teufel als Schlittschuhläufer.    SINSAG 0906 - Teufel als Schlittschuhläufer.   

Beschrijving

Een schaatser die altijd iedereen verslaat bij het schaatsen voelt plotseling dat er iemand vlak achter hem rijdt. De achterligger passeert hem al gauw en de schaatser geeft het op. De schaatser blijkt door de duivel ingehaald te zijn.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1227, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

20 september 1979
Teufel als Schlittschuhläufer.

Naam Overig in Tekst

Adam Hurdrider    Adam Hurdrider   

Adam    Adam   

Naam Locatie in Tekst

Fryslân    Fryslân   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21