Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ122806

Een mop (mondeling), maandag 24 september 1979

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy woe oantoane dat oeral yn 'e hûs de frou baes wie. Hy stjûrde syn feint der op út mei twa moaije hynders foar de wein, in swart en in wyt. Op 'e wein lei in sekfol apenuten. Hy sei tsjin 'e feint: "Dû reizgest by de huzen lâns en rounom fregest hwa't dêr baes is: de man of de frou. Is de frou baes dan jowst in hânfol apenuten, is de man baes, dan meije se ien fan 'e beide hynders útsykje. De feint frege by alle huzen, mar oeral krige er it biskie: de frou is baes yn 'e hûs. De apenuten koarten hurd yn. Mar doe kaem er op in plak, dêr stie de boer op it hiem.
"Hwa is hjir baes," frege de feint, "jo of jou frou?"
"Ik," sei de boer, "al hielendal, folkomen."
"Dán meije jo in hynder ha. Sykje mar út."
Doe socht dy boer it wite hynder út.
Mar doe kaem syn frou der by. Dy sei: "Né, dat wite hynder moatte wy net ha, wy matte 't swarte ha."
Doe wist dy feint meiiens hwa't dêr baes wie. Hy sei:
"Jimme krije net in hynder, mar in hanfol apenuten."
De feint kaem mei de twa hynders wer thús.
Mar de sek mei apenuten rekke leech.

Onderwerp

AT 1366A* - Search for Husband in Command    AT 1366A* - Search for Husband in Command   

ATU 1375 - Who Can Rule his Wife?    ATU 1375 - Who Can Rule his Wife?   

Beschrijving

Een boer die aan wil tonen dat de vrouwen overal de baas zijn, stuurt zijn knecht bij de huizen langs met een wit en een zwart paard en een zak vol apenoten. Als ergens een man de baas is, mag hij een paard uitzoeken; als ergens een vrouw de baas is, krijgt ze een handvol noten. Aanvankelijk raakt de knecht alleen maar noten kwijt, maar tenslotte lijkt er toch ergens een man de baas te zijn. Maar ook deze valt door de mand omdat hij tegen zijn zin het paard kiest dat zijn vrouw hebben wil.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1228, verhaal 6 (archief MI)

Commentaar

24 september 1979
Search for Husband in Command

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21