Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ122910

Een sage (mondeling), donderdag 27 september 1979

Hoofdtekst

Gjet van der Iest wenne yn Garyp. Hy handele en hie froeger yn Dútslân west. Dêr hie er by in boer tsjinne.
Hy koe slachtsje en dy boer hie in miltvuur-bolle. Dy slachte Gjet en dêr hat er syn earm omtrint mei forspile. Dêr koe er letter net folle mear mei dwaen. Gjet hie in spultsje op 'e Tuie yn Garyp. Hy hie in greate húshâlding en koe dêr eins net rjocht bistean. Der waerd yn 'e krisisjierren in protte lân forkocht fan 'e Panhuyzens en dêrby wienen ek âlde feanen yn Earnewâld. Ien fan 'e banken fan Ljouwert kocht dêr in âld fean. It bistie út wol sa'n 30 pounsmjit greid mei reid en wetter. Gjet fan der Iest kocht dat lân fan dy bank. Dêr moest er syn eigen âld hûs op 'e Tuie foar forkeapje, oars koed er net ta de sinten komme. Hy woe graech in pleats op dy âld fean ha. Hy gong nei de timmerlju ta yn Garyp en sei: "Nou wol 'k dêr op myn lân in pleats ha krekt lyk as dy fan 'e diaken fan Garyp." Dêr op dy oare pleats wenne Hette Grypma. "Sa'n pleats wol ik der op ha", sei er. Mar dêr wie net ien bank dy't him sinten jaen woe. Doe seinen de minsken: "Gjet krijt dêr net in pleats op. Hy is to ratterich. (Hy hat gjin jild dêr foar.)"
Doe gebeurde it dat Jelle-om en twa fan syn jonges oan 't meanen wienen yn in âld fean, dat oanmakke wie fan 'e administrateur Sjoerd Breeuwsma fan Burgum. It wie prachtich waer. Hja stienen dêr alle trije to meanen. Doe seach Jelle-om even op. Hy sei tsjin 'e jonges: "Nou matte jimme ris sjen. Dêr stiet Gjet van der Iest syn pleats al. Hy is twa stâllen greater as dy fan Hette Grypma. Fierder is er krektengelyk." De jonges seagen, en dy seagen it like dúdlik as Jelle-om sels.
In pear jier letter kaem dêr de pleats to stean. Krekt, sa't Jelle-om en de jonges him sjoen hienen.

Onderwerp

SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.    SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   

Beschrijving

Een man ziet op een bepaalde plaats een mooie boerderij staan, hoewel die er nog niet daadwerkelijk staat. Het is een voorgezicht: een paar jaar later wordt de boerderij pas gebouwd.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1229, verhaal 10 (archief MI)

Commentaar

27 september 1979,
Vorbedeutung anderer Ereignisse

Naam Overig in Tekst

Gjet van der Iest    Gjet van der Iest   

Tuie    Tuie   

Panhuyzens    Panhuyzens   

Hette Grypma    Hette Grypma   

Sjoerd Breeuwsma    Sjoerd Breeuwsma   

Jelle-om    Jelle-om   

Naam Locatie in Tekst

Garyp    Garyp   

Dútslân    Dútslân   

Gjet    Gjet   

Earnewâld    Earnewâld   

Ljouwert    Ljouwert   

Burgum    Burgum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21