Hoofdtekst
Der wienen trije poepen, dy kamen yn Fryslân to ûngetiidzjen. Hja bisluten dat hja woenen de Fryske tael leare.
Hja rounen de skoalle foarby yn in doarp. Doe rôpen de bern op it plein: "Sjoch, trije poepen! Trije Poepen!"
De iene poep sei: "Dat sil ik ûnthâlde, trije poepen."
Even fierder kamen se by in jister lâns, dêr sieten guon to melken. Dêr wie in boerefeint, dy sei tsjin in kou, dy't him yn 'e wei stie: "Om, kou!"
De twadde poep sei: "Dat sil ik ûnthâlde, om kou."
Wer even fierder stie in timmerwurkpleats. Dêr hie in timmerman oan 't skaven west. Hy seach by de planke lâns en sei: "Dat is rjocht."
De trêdde poep sei: "Dat sil ik ûnthâlde, dat is rjocht."
De nachts wie dêr yn dat plak in moart gebeurd en dêr woarden dy trije poepen foar oppakt.
Se kamen foar de rjochter.
"Hwa hat dat dien?" frege dy.
De earste poep sei: "Trije poepen."
"Hwerom ha jim dat dan dien?" frege de rjochter.
"Om kou", sei de twadde poep.
"Dan wurde jimme foroardiele ta de deastraf", sei de rjochter.
"Dat is rjocht", sei de trêdde poep.

Onderwerp
AT 1697 - "We Three; For Money"   
ATU 1697 - “We Three; For Money.”   
Beschrijving
Drie Duitse hannekemaaiers - ook wel 'poepen' geheten - besluiten naar Friesland te gaan om de Friese taal te leren. Als de poepen de school passeren, roepen kinderen: 'Kijk, drie poepen!'. De eerste poep besluit de woorden 'Drie poepen' goed in zijn oren te knopen. De tweede poep hoort een melkende boerenknecht 'Om, koe!' zeggen en slaat die woorden goed in zijn geheugen op. De derde poep onthoudt de woorden 'Dat is recht!' die een zagende timmerman uitroept. Als er die nacht een moord gepleegd wordt, worden de drie vreemdelingen terstond in de boeien geslagen. Als de rechter de poepen vraagt wie het gedaan hebben, antwoordt de eerste poep 'Drie poepen'. Als de rechter vraagt waarom ze die moord dan gepleegd hebben, zegt de tweede poep 'Om koe'. Als de rechter hierop besluit het drietal tot de doodstraf te veroordelen, stemt de derde poep in 'Dat is recht'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1230, verhaal 8 (archief MI)
Commentaar
17 september 1979
"We Three; For Money"
Naam Overig in Tekst
Duitse   
Fryske   
Poepen   
Naam Locatie in Tekst
Fryslân   
Friesland   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21