Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ123201

Een sage (mondeling), zaterdag 13 oktober 1979

Hoofdtekst

Tichte by Warffum stie in greate boereplaets, in bouplaets mei greate skuorren. Yn dy skuorren slepten de minsken dy't simmerdeis by him arbeiden. Dat wienen ek minsken út 'e Westerein en út oare plakken lyk as Harkema ensa. In hiel protte hienen har nammen dêr yn 'e sketten kerfd mei in mes. Miskien binne dy dêr nòch wol. De boer fan dy plaets hiet fan Michiel.
Mem fortelde, hja wie ris mei in keppel fan sa'n 20 dêr hinne west. Hja wie doe noch net troud. In freondin fan har wie der ek by. Op in snein-to-joun gongen se hjir wei, sadra as de klok 12 slaggen heare liet. Hwant dan wie 't moandei-to-moarn. De keppel roan út 'e heide wei de skeanpaden del. 9 ûre kamen se yn Warffum oan. Dêr forklaeiden se har earst, dan krigen se hwat iten ensa en dan gong it nei 't lân ta to wjûden of to flaechsteppen of hwat oars.
Op in joun lei se yn 'e skuorre op it strie. Har kammeraetske lei njonken har. Se hienen mem fan tofoaren al forteld dat it dêr op dy plaets net plús wie. It spûke dêr.
Se woenen biweare, dat Michiel, de eigner fan de plaets syn frou altyd min bihandele hie en dat dy frou dy't stoarn wie, dêrtroch gjin rêst krige. Hja spûke dêr sûnt dy tiid om. Guon hienen de skym fan dy frou dêr wol sjoen.
Michiel, de boer, woe graech, as se hwat seagen, dan moesten se him út bêd roppe.
Mem en har freondinne leinen dus dy nachts yn 't strie.
Doe sei dat kammeraetske tsjin mem: "Rolfke, ik mat even pisje. Mar ik doar allinne net nei 't húske ta yn 't tsjuster, wost wol even mei?"
Hja binne doe togearre út it strie wei stapt. Hja kamen yn 't bûthús torjochte, dêr't it húske stie. Doe seagen se dêr in frou alhiel yn 't wyt by de hiele muorre op. It like wol in wyt byld.
Deabinaud waerden se. Se binne fuort omkeard en mem har freondinne doarst net mear nei it húske. Doe't se wer yn 't strie leinen, dienen se de skelk oer de holle, sa bang wienen se.
De oare moarns waerd it oan 'e minsken forteld. De boer hearde it ek. Hy sei: "As it wèr gebeurt en jim sjogge har, dan matte jim my fuort út bêd helje, as is 't ek midden yn 'e nacht. Dan wol ik de dûmny der by helje, dy't it spoek oansprekke kin."

Onderwerp

SINSAG 0434 - Toter kommt wieder, um sich zu rächen.    SINSAG 0434 - Toter kommt wieder, um sich zu rächen.   

Beschrijving

Twee vrouwen die overnachten in een boerenschuur worden opgeschrikt door een witte spookvrouw. Het blijkt om de overleden vrouw van de boer te gaan. Omdat de boer haar bij leven slecht behandeld heeft, blijft de vrouw rusteloos ronddolen. Als de boer over het spook hoort, is hij voornemens de dominee erbij te roepen om de dode aan te spreken.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1232, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

13 oktober 1979
Toter kommt wieder, um sich zu rächen.

Naam Overig in Tekst

Michiel    Michiel   

Rolfke    Rolfke   

Naam Locatie in Tekst

Warffum    Warffum   

Westerein    Westerein   

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21