Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ123202

Een sage (mondeling), zaterdag 13 oktober 1979

Hoofdtekst

Myn pake, Fokke Veenstra, wie tige sterk. Hy wenne yn 'e Westerein. Op in kear kaem er mei hynder en wein út 'e Sweager Mieden. Doe wienen dêr in stik of 8 man by 't spoar oan 't wurk. Se seagen pake oankommen. Doe seinen se tsjin elkoar: "Soe Fokke werklik sa sterk wêze as se sizze?" Dat woenen se wolris witte. Doe tilden se mei har achten in rail op en setten dy dwars oer de wei. Doe koe pake der net mei hynder en wein lâns of hy moest earst dy rail dêrwei ha. De acht man hienen har forskûle achter de boskjes. Doe seagen se dat pake alhiel allinnich de rail fan 'e wei opnaem en him yn 'e sleat smiet. 't Gebeurde flak by 't stasjon.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Acht mannen die aan het spoor werken willen zien of een man werkelijk zo sterk is als gefluisterd wordt. Met vereende krachten zetten ze een rail dwars over de weg. Als de krachtpatser nadert met zijn paard en wagen, werpt hij de rail moeiteloos in de sloot.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1232, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

13 oktober 1979
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Fokke Veenstra    Fokke Veenstra   

Fokke    Fokke   

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Sweager Mieden    Sweager Mieden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21