Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ123705

Een mop (mondeling), vrijdag 04 januari 1980

Hoofdtekst

Der wie in man, dy krige ûnderweis in ûngelok en lei biwusteloas oan 'e kant fan 'e wei. De ambulance kom delsetten en der woarde dy man yn laden. Sa waerd er nei 't sikenhûs ta riden.
Doe't er by kaem lei er op in bêd en dêr stie in suster njonken. Hja frege him hoe't er forpleegd wurde woe, earste, twade, of trêdde klasse.
Hy sei: "Dat wyt ik net. Hwat forskil is dêr yn?"
De suster seit: "Trêdde klasse is 't guodkeapste."
"Dan mar trêdde klasse," sei er, "hwant ik bin sa earm as in lús."
De suster sei: "Ha jo dan gjin famylje of sa, dy't it foar jo bitelje kin?"
"Né," sei er, "ik haw allinne mar ien suster en dy is fan earmoed as non yn 't kleaster kom."
De suster sei: "Dan matte jo net sizze dat dy earm is, hwant dy is dan ryk."
Doe sei er: "Dat snap ik net. Hoe kin dy nou ryk wêze?"
De suster sei: "Jou suster is ryk, hwant dy is troud mei de Heare Jezus."
Doe sei er: "Dan wyt ik it wol, dan nim ik earste klas, hwant myn swager bitellet it wol."

Beschrijving

Een arme man krijgt een ongeluk en belandt in het ziekenhuis. Als de verpleegster vraagt hoe de man verpleegd wil worden - eerste, tweede of derde klas - antwoordt de man dat hij derde klas verpleegd wil worden omdat hij 'zo arm als een luis' is. Als de verpleegster vraagt of de man dan geen familie heeft die zijn verblijf in het ziekenhuis kan betalen, zegt de man dat hij slechts één zus heeft en die is uit armoede non geworden in het klooster. De verpleegster zegt hierop dat de zus niet arm is, maar juist rijk omdat ze 'getrouwd is met de Here Jezus'. De man bedenkt zich niet langer en kiest ervoor eerste klas verpleegd te worden, want 'zijn zwager zal wel voor hem betalen'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1237, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

4 januari 1980

Naam Overig in Tekst

Heare Jezus    Heare Jezus   

Here Jezus    Here Jezus   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21