Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ123802

Een mop (mondeling), dinsdag 15 januari 1980

Hoofdtekst

Op in kear kaem Ûlespegel by in goudsmid. Hy sei tsjin dy goudsmid: "As ik in stik goud hie, sa great as in kattekop, hwat soe ik dêrfoar fan fan jo krije kinne?"
De goudsmid tochte: "Jonge, dit kin wol ris in foardelich saekje foar my wurde. In klompe goud, sa great as in kattekop." Hy sei: "Wy soenen krekt ite. Dan matte jo mar mei ús ite. As it iten dien is kinne wy der wolris oer prate."
Dat like Ûlespegel skoan ta.
Se ieten tige lekker en doe't se sêd wienen, tocht de goudsmid: "Nou mat ik myn slach mar slaen."
"Ik mat dyn stik goud mar ris sjen", sei er tsjin Ûlespegel.
"Ja," sei Ûlespegel, "dat wol 'k wol leauwe, mar ik haw net sein dat ik in klompe goud hie sa great as in kattekop; ik haw sein: as ik it ris to keap hie - Dat is net itselde."
Nei dy wurden moest er hurd meitsje dat er fuortkaem.

Onderwerp

AT 1635* - Eulenspiegel's Tricks    AT 1635* - Eulenspiegel's Tricks   

ATU 1635* - Eulenspiegel’s Tricks    ATU 1635* - Eulenspiegel’s Tricks   

VDK 1635* - Eulenspiegel's Tricks    VDK 1635* - Eulenspiegel's Tricks   

Beschrijving

Tijl Uilenspiegel vraagt de goudsmid wat die hem zou geven voor een stuk goud zo groot als een kattenkop. De goudsmid is gelijk erg geïnteresseerd en nodigt Tijl voor het eten uit om over het goud te praten. Tijl verklaart het stuk goud niet daadwerkelijk te hebben: hij wil alleen maar weten wat de goudsmid zou geven als Tijl die grote hoeveelheid goud zou hebben.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1238, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

15 januari 1980
Eulenspiegel's Tricks

Naam Overig in Tekst

Tijl Uilenspiegel    Tijl Uilenspiegel   

Ûlespegel    Ûlespegel   

Tijl    Tijl   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21