Hoofdtekst
Juster ha 'k der nochris oan tocht en ik haw it sels sjoen op ús eigen skip, doe't heit fêst rekke mei in fracht stien yn.
It skip siet as 't ware fêst yn 'e blaumodder oan 'e oare kant fan 'e feartswâl. Al hwat heit ek bisocht, hy koe it skip net wer flot krije.
Tafallich kaem sterke Hearke dêr oan fan Fjouwerhuzen. Hy soe nei syn hûs oan 'e Gollestreek achter Wibren Teakes út.
"Hast mankemint, Hepke?" rôp er.
"Ja," sei heit, "ik sit fêst. 't Skip leit to djip. Ik ha stien yn!"
"Goai my de kloet mar ta, dan kom ik by dy", sei Hearke.
"Hwat silst dan?" frege heit.
"Silst wol sjen. Goai my de langste boom ta dys't haste."
Heit die it en Hearke sette de boom yn 'e feart, in ein fan 'e wâl. De dreef stie heech skean boppe it paed en Hearke stapte it lân yn - en ik kin jim sizze: hy naem my dêr in oanloop! rinst net sa hast net - en de pôltsjes gers flikten fuort ûnder de soallen fan 'e klompen. En ûnder it rinnen wei greep er sa de boom en sette him ôf mei in krêft! - nou, it wie geweldich. De boom stie samar rjochtop. Mar de feart wie fierstento breed om der oer hinne to kommen, dat hy hyste him twa, trije, né fjouwer kear by de boom op, oan 'e dreef ta en saeide himsels nei de oare wâl ta.
Ús heit wie der stil fan, mar ikke net - ik wist wol dat hy in wûnderminske wie.
Hy sei: "Hepke, jow my de line, dan sil ik dy hjirwei lûke."
Heit joech him de boskline mei de gudde der oan.
"Hast net dikker, jonge? Ik bin bang dat dit lyntsje it net hâldt." "Der binne gjin dikker," sei heit, "dizze hâldt it altyd - dêr binne se op makke. Trije man kinne har beage der oan sette, as 't moat."
"Dan mar ris bisykje", sei er, en hy socht de line op.
Dêr krige er in stik tusken beide hannen en luts it sa dwarstroch. Heit wist net hwat er seach, mar hy bihimmele it hwat: "'t Kin dêr hwat bros wêze..."
Hearke bisocht it nochris en nochris wer: it iene stik by 't oare luts hy der sa ôf.
"Moast ophâlde," sei heit, "myn hiele bêste line giet der oan."
"Gean dan mar nei dyn roer," sei Hearke, "en hâld links oan."
Hy stapte nei foaren ûnder yn 'e wâl, sette syn rêch tsjin 'e boech en treau it skip fan 'e wâl. Doe noch even de rêch tsjin it swurd en heit wie los. Achter joech er noch in triuwke nei en heit hie fuort faert.
"Myn boom!" rôp heit.
"Dy krigest wol", sei er.
Yn in rappichheit sprong er wer klimmendewei oer de feartswâl. Doe rikte er heit de boom ta.
"Set de ûnderein mar fêst achter de nokke, dan sil 'k dy trilkje."
Heit sette de boom goed fêst en Hearke treau stappendewei it skip troch it soal. Heit moast wol goed om it roer tinke. Yn minder as gjin tiid wiene wy by Klaes Nijlân - ticht by de Dikkedraei. "Meitsje de boom los, dan set ik de draei foar dy iepen."
Wy hienen goede faert, mar dat mindere fansels. Heit helle de boom yn en Hearke sette fluch de draei by Wibren Taekes iepen. "Kinst dy nou rêdde of moat ik even meigean?" frege er.
"Né", heit koe him wol rêdde, mar: "Jo wurde bidankt, hear Hearke!"
"Moast in goeije line keapje, Hepke. Op 'e Weaze yn Ljouwert binne se wol to keap en yn Grins, flak foaroan op it Suderdjip."
Wy kamen mei ús faert ek noch troch de stalten en Hearke sette even syn foet tsjin 'e draei, sadat dy wer toplak lei. Heit naem de koarte boom en ik moast oan 't roer.
Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Jan Hepkes Wouda   
Hearke   
Sterke Hearke   
Fjouwershuzen   
Gollestreek   
Wibren Teakes   
Hepke   
Klaes Nijlân   
Dikkedraei   
Weaze   
Suderdjip   
Naam Locatie in Tekst
Surhústerfean   
Ljouwert   
Grins