Hoofdtekst
"Sterke Hearke wie ek in baes op 't iis. Ride, net ien dy't him foarby koe.
Yndertiid wie Arend Poepjes fan de Lemmer de man yn Fryslân. Syn konkurrinten dat wienen Gosse Reindersma en Kooistra. Letter waerd Reindersma kampioen.
Letter kamen hjir guon út it bûtenlân wei. Dêr moasten de Friezen it tsjin ôflizze
Mar doe kaem Sterke Hearke op 'e baen en dy waerd fierwei nûmer ien. Mar dat kaem net op 't offisiele rapport to stean. Wol kaem 't letter yn 'e krante."
Wy sieten by Jan Hepkes op 'e Feikedraei, lykas altyd. It praet gong oer 't reedriden. Der waerd tige praet oer de kampioen. Dat wie in Deen of in Noar.
"De Friezen kinne net mear meidwaen," seinen we, "sa hurd as dy keardel ride kin", en wy neamden it tal minuten en sekonden. "Sa hurd hat noch noait ien riden."
"Soa, tochten jim dat?" sei Jan Hepkes. Ik siz: "Dat is neat wurch mei dy keardel. Doe't wy noch jong wienen waerd der folle hurder riden."
"Troch hwa dan Jan?" fregen we.
"Dat wie net in bûtenlander dy't sa hurd ried, dat wie net ien oars as Sterke Hearke. Dêr ha jim nea fan heard, tink. Né, dat wie foar jimme tiid."
Ien fan myn maten lake in bytsje.
Doe sei Jan: "Lakestû?"
"Né, Jan", sei er.
"Ik sil jim sizze hoe't dat gong. Se setten fan ein en Hearke wie net foar. Mar doe't se de lêste rounte dienen, doe gong er. Hy wie net to hâlden! It gong dat it slydjage. It iis dat ûnder syn redens kaem, dat waerd wetter. Dat hy kaem yn 't wetter tolânne. Sa gloeijend-hyt wienen syn redens, dat it iis dat smolt der ûnder wei. Op 't lêst ried er net mear, mar hy gliid. En hy kaem oer de streek yn gâns minder tiid as dat jimme nou neame fan dy bûtenlander."
Mar it hat noait yn it rapport stien.
Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Jan Hepkes   
Sterke Hearke   
Arend Poepjes   
Gosse Reindersma   
Kooistra   
Reindersma   
Friezen   
Feike-draei   
Deen   
Noar   
Jan   
Hearke   
Naam Locatie in Tekst
Lemmer   
Fryslân   
