Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ124405

Een sage (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Hearke hat it ek noch oàrs bisocht, sei Jan Hepkes, om gjin lêst fan 't wetter to krijen yn 'e ûngetiderstiid.
Hy wie tige snoad. Hy hie kuorren makke. De greatste wie sa heech as Hearke sels wie en hie in boeijem fan 2 m. middellijn. As it dan tiid wie en 't hea moest keard wurde en skodde, dan naem Hearke syn greate riuwe, swile hwat by elkoar en makke dy koer fol.
't Hea moest fan 'e groun, dêrom treau er 't yn 'e koer. As it lân dan wiet waerd, bleau it hea droch. As 't wêze moast lei er noch in pear stiennen ûnder 'e koer. 't Hea kaem dus net op 'e groun. 't Forfoer gong sjesa: de greatste koer, dêr paste de oare koer krekt yn. De folgjende koer wy hyltyd hwat lytser as de foarige, krekt as mei in nêst skalen. Sa hie er in hiele steapel fan dy kuorren makke. 't Lytste kuorke hie de greate fan in thékopke.
As by in oar it hea noch op 'e groun lei, hie Hearke it al binnen. Doe't Hearke stoar (yn '88) kamen der in soad minsken op it boelguod. Guon kochten in greate, oaren in lytse koer. Mar se koenen der net folle mei. Hearke naem sa'n koer fol hea fan 2 m. middellijn samar efkes op 't skouder en roun der mei fuort. Dat koenen dy boeren net en sa binne al dy kuorren forsille.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Sterke Hearke vervaardigt manden om het hooi droog in te bewaren en draagt de enorme manden moeiteloos op de schouder.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1244, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

?
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Hearke    Hearke   

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21