Hoofdtekst
Jan Hepkes fortelde èk:
As it reinde en 't wie wietich waer dan stienen de lege lannen tusken Harkema en 't Fean ûnder wetter. De boerkes dy't dêr groun hienen hienen al dykjes boud en der polders fan makke, mar as 't hwat oanreinde stie de boel samar wer blank.
Sterke Hearke hie in tsjasker opdien by in boer yn Selmien. De boer hie dêr in skroef oanmeitsje litten. Mar Hearke makke in kruk oan dy skroef en as der dan wetter op 't lân wie bigoun Hearke mei dy kruk to draeijen. Fiif man koenen dat meielkoar net dwaen, mar Hearke rêdde der allinne mei. Wie er klear dan gong er nei syn oare maten en sa krigen dy it lân ek skjin.
"Tsjintwurdich ha se blikken mounen op it lân", sei Jan Hepkes, "mar Hearke draeide even oan 'e kruk en 't wie skjin."

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Sterke Hearke slaagt er in zijn eentje in ondergelopen land droog te pompen: een karwei dat vijf man
niet voor elkaar krijgt.
niet voor elkaar krijgt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1244, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
?
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Jan Hepkes   
Fean   
Sterke Hearke   
Hearke   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Selmien   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21