Hoofdtekst
Piter Poes wie ek in krûdesiker. Minsken kamen by him om rie as hja sels of it fé mei sykte to kampen hienen.
Piter joech dan rie en se namen krûden fan him mei.
Op in kear kaem Klaes Heddema fan 'e Tike by him. Klaes hat it my sels forteld.
Doe't Klaes dêr yn 'e hûs kaem siet Piter to lêzen yn in boek. Wylst kamen der allegear roeken om 'e doar. Se sieten yn 't finsterbank en op it dak, it wie swart fan 'e roeken om 't hûs hinne. De doar stie iepen en dêr kaem in ekster oanfleanen dy gong op Piter syn linker earm sitten.
En dat wie noch net moai genôch. Wylst Piter al preveljend trochlies, kamen der allegearre lytse soldaetsjes ta de doar yn en dy marsjearden dêr oer 'e flier.
Piter hie wol sjoen dat Klaes Heddema by him yn 'e hûs wie, mar dêr steurde er him net oan. Hy lies stil fierder yn it boek. En dêr kamen al mar mear soldaetsjes to foarskyn. Se gongen ta de hurddobbe yn. Doe sei Klaes Heddema: "Hâldt dit ek ris op? Hwant ik wurd binaud."
Piter joech him gjin antwurd, mar hy naem it boek en lei it oarsom foar him. Hy seach Klaes oan en bigoun wer to lêzen, mar nou achterút.
Doe kamen de soldaetsjes ta de hurddobbe út. Se gongen ta de doar út.
De roeken fleagen allegearre fuort en de ekster, dy't him hyltyd op 'e earm sitten hie, ek.
It wie in toverboek, dêr't Piter Poes yn lêzen hie.
Se seinen dat Piter Poes mei de helm geboaren wie.

Onderwerp
SINSAG 0693 - Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen.   
Beschrijving
Duivelbanner Piter Poes - tevens kruidenzoeker - zit eens in zijn toverboek te lezen. Terwijl Piter prevelend leest, verschijnen er allerlei roeken in de kamer. Ook komen er plotseling soldaatjes tevoorschijn die de haardkuil ingaan. Als een man die Piter bezoekt bang wordt, legt Piter het boek andersom voor zich neer en begint hij achteruit te lezen. De soldaatjes komen de haardkuil weer uit en verdwijnen door de deur. Ook de roeken en de ekster die al die tijd op Piters arm zat vliegen weg. Piter Poes zou ook een helmdrager zijn.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1245, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
8 februari 1980
Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen & TM 2901: Helmdragers
Naam Overig in Tekst
Piter Poes   
Piter   
Klaes Heddema   
Klaes   
Naam Locatie in Tekst
Tike   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21