Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ124502

Een sage (mondeling), vrijdag 08 februari 1980

Hoofdtekst

It gebeurde ris dat der yn Burgumerheide in faem net goed wie. Doe gongen se nei Piter Poes ta om ried.
Piter sei, hy soe by de faem komme.
Hy ried op 'e hounekarre mei Steffen Prûk dêrhinne. 't Wie Steffen syn karre. Piter frege de âlden dit en dat, doe sei er: "Nou wit ik it wol. Jow my it fanke har holkessen mar ris." Dat snie er iepen. 't Wie in fearren kessen. Piter helle dêr trije krânsen út. De trêdde krâns wie noch net earlik klear.
"Krekt op tiid," sei Piter, "hie de 3e krâns ek klear west, dan hienen jim jimme bern net bihâlden."
De krânsen waerden opbrând en Piter joech syn riedjowings. It bern wie bitsjoend.
Hy barde in ryksdaelder en doe makke hy de âlders dúdlik dat se gewaer wurde koenen hwa't it bern bitsjoend hie. Hy sei: "As ik aenst fuort gean, dan is de earste dy't by jimmes by de doar komt deselde dy't har bitsjoend hat. Dat is de duvel.
Jimme matte hinnegean en smyt dyselde in potfol ûngemak (stront) op 'e kop."
Piter en Steffen setten ôf. Doe't se in eintsje fuort wienen, sei Piter: "Och heden, nou mat ik werom. Ik ha myn pypke lizze litten."
Piter werom. Mar hy hie noch mar krekt de klink fan 'e doar lichte of klets, dêr krige er in potfol minskestront oer de kop.
Piter makke gau dat er wer fuort kaem, sûnder pipe.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

In het hoofdkussen van een ziek meisje ontdekt een duivelbanner drie verenkransen, waarvan de derde nog niet af is. De kransen worden verbrand, de betovering zou veroorzaakt zijn door de eerste persoon die verschijnt, ouders krijgen de raad om een pot stront over de persoon te gooien. De eerste persoon die verschijnt is de duivelbanner die wat vergeten is, en de pot stront over zich heen krijgt.





Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1245, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Piter Poes    Piter Poes   

Piter    Piter   

Steffen Prûk    Steffen Prûk   

Steffen    Steffen   

Pieter Poes    Pieter Poes   

Naam Locatie in Tekst

Burgumerheide    Burgumerheide   

Plaats van Handelen

Burgumerheide    Burgumerheide   

Suameer    Suameer   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21