Hoofdtekst
Sa wienen dêr ek ris trije, dy wienen al earder yn Fryslân west by de boer. Mar it wie dêr altyd in great lijen mei de tael. "Wy matte sjen dat wy de Fryske tael leare", sei de iene. "Alle wurden dy't wy ûnderweis hearre matte wy leare en ûnthâlde. Ik sil de earste wurden ûnthâlde, dy't wy hearre. Dû mast de folgjende wurden ûnthâlde," sei er tsjin syn maet, "en dû dy fan 'e dêrop folgjende", sei er tsjin 'e trêdde.
Dat wie ôfpraet.
Doe kaem der in âld man oan, dy hie in jonkje by de hân. "Sjoch, pake," sei er, "trije poepen."
De earste poep sei: "Dat sil ik ûnthâlde, trije poepen."
Even fierder seagen se in faem yn 'e jister sitten dy't in kou it spantou om 'e poaten boun. "Om, kou", sei se.
"Dat sil ik ûnthâlde, sei de twade, "om kou."
Wer in eintsje fierder stie in timmerman. Dy hie krekt oan 't skaven west mei in planke. Hy seach by de planke lâns en sei: "Dat is rjocht."
"Dat sil ik ûnthâlde," sei de trêdde poep; "dat is rjocht."
Wer in eintsje fierder seagen se in lyk yn 'e berm lizzen. Se bleauwen der by stean en de iene sei tsjin 'e oare: "Hoe matte wy dêr mei oan?"
"Wy matte mar nei Herr Bürgermeister ta", ornearre syn maet. Dat, dêr mar hinne. Se fortelden hwat se foun hienen.
Doe sei de burgemeester: "Hwa hat dat dien?"
De earste sei: "Trije poepen."
De boargemaster sei: "Hwerom ha jimme dat dien?"
"Om kou", sei de twadde.
"Dan sil 'k jim alle trije ophingje litte", sei de boargemaster.
"Dat is rjocht", sei de trêdde.
Onderwerp
AT 1697 - "We Three; For Money"   
ATU 1697 - “We Three; For Money.”   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Duitse   
Friese   
Haaselüne   
Lege Midden   
Fryske   
Naam Locatie in Tekst
Dútslân   
Bremen   
Hannover   
Osnabrück   
Grins   
Fryslân   
