Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ124513

Een mop (mondeling), vrijdag 08 februari 1980

Hoofdtekst

Der wie in wyfke, dat hie ien kou. It wie har iennige besit. Doe waerd dy kou siik. Hy hie in swolm yn 'e hals. It minske hie gâns fortrouwen yn har doomny en dêrom gong se nei him ta en hja frege him: "Och, doomny, soenen jo by myn kou komme wolle, hwant dy is siik. As jo nou foar him bidde woenen, dan wurdt er grif wer better."
De doomny hie der net folle smucht op foar in kou to bidden, mar it minske smeke him sa oatmoedich dat hy struts syn hân oer it hert en sei: "Nou foaruit, dan mat dêr mar in slim set fan wêze."
Hy gong mei 't minske nei dy har húske en doe sette er op 't bûthús ta. Dêr lei de sike kou.
De doomny gong achter de kou stean, die de hannen gear en sei: "Dêr leiste bist der bisten. Wurd wer soun lyk as oare bisten."
It minske stie njonken har doomny en wie tige tofreden oer syn wurden. En wrachtich, de oare deis briek de swolm troch en de kou wie genêzen.
Mar hwat wie nou 't gefal. In skoftsje letter waerd de doomny siik. Hy hie ek in swolm yn 'e hals en hie 't o sa binaud. Doe't it minske dat hearde, tocht se: "Nou mat ik nei him ta, de iene tsjinst is de oare wurdich." Sy nei de pasterije. Dêr lei doomny op bêd. De earme man hie 't krap, dat wie skoan to sjen.
Hwat it wyfke to dwaen hat, dy giet foar 't bêd stean fan har sike doomny, hja docht de hannen gear en dan seit se plechtich: "Dêr leiste, bist dêr bisten; wurd wer soun lyk as oare bisten." Doe't doomny dizze wurden hearde, moest er sa bot laitsje, dat de swolm, dy't er yn 'e hals hie, briek troch, en hy wie genêzen.


Onderwerp

AT 1845 - The Student as Healer    AT 1845 - The Student as Healer   

ATU 1845 - The Student as Healer.    ATU 1845 - The Student as Healer.   

Beschrijving

Een vrouw vraagt de dominee te bidden voor haar zieke koe - haar enige bezit. De dominee richt na enige aarzeling een gebed tot het dier: 'Daar lig je, beest der beesten.Word weer gezond als de andere beesten'. De koe geneest. Als de dominee later ziek wordt, bidt de vrouw voor hem in dezelfde woorden als de dominee in zijn gebed tot de koe gebruikte. De dominee moet hierop zo hard lachen, dat de zweer in zijn hals breekt. De dominee geneest.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1245, verhaal 13 (archief MI)

Commentaar

8 februari 1980
The Student as Healer

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21