Hoofdtekst
Yn Huzum wie in draei, dy hiet Swarte Planke. Dêr yn Huzum wenne in boer, dy hie 2 feinten, in greatfeint en in lytsfeint. Dy lytsfeint wie nergens bang foar.
Nou gebeurde it dat se by dy boer in kou slachten.
Dat wie yn novimber en 't wie tsjustere moanne. Dy jouns tocht de greatfeint: ik sil ris sjen of ik de lytsfeint ek ris bang krije kin.
Hy giet hinne en docht de kouhûd om him hinne, dan giet er nei de Swarte Planke ta en giet dêr sitten. De lytsfeint mat der lâns.
As dy der oankomt en dêr sa'n nuver gedrocht sitten sjocht, seit er: "Ast' nou de duvel bist of net, (mar) ik bin net bang foar dy. En ast' dêr net wei giest, skop ik dy dêr wei."
Mar de greatfeint bleau sitten. Doe hat de lytsfeint him yn 'e feart skopt. Dêr is er fordronken.

Onderwerp
VDK 1676F* - Spookspelen: Het spook op de vonder   
ATU 1676 - The Pretended Ghost   
Beschrijving
De jongste boerenknecht pocht nergens bang voor te zijn. De oudste boerenknecht besluit de jongste knecht eens flink de stuipen op het lijf te jagen en gaat met een koeienhuid om zich heen op een plank over het water zitten. Als de jongste knecht de gestalte op de brug ziet, zegt hij 'Al ben je de duivel zelf, ik ben niet bang voor je. Als je niet uit jezelf weggaat, schop ik je weg'. De jongste knecht schopt de oudste knecht kort daarop het water in. De oudste knecht verdrinkt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1246, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
?
Spookspelen: Het spook op de vonder
Naam Overig in Tekst
Swarte Planke   
Naam Locatie in Tekst
Huzum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21