Hoofdtekst
Yn 't Wetterlân matte se altiten farre. Heit wie mounder yn Mouneein, mar as de ûngetiid bigoun waerd it foar de mounder in hiel slappe tiid. Dan gongen heit en ik wolris in wike of seis to meanen nei 't Wetterlân. Op in kear farden wy mei in skou. In oare meander farde mei. Dy man hie it rinkje net goed fêstset oan 'e hammer fan 't harspit. Hy smiet it harspit op 'e rânne fan 'e skou, mar doe rekke de iene helte yn 't wetter. Hy sette gau mei kryt in krús op 'e binnenkant fan 'e skou. (In mier hie meastal wol kryt by him; dat waerd by 't harjen brûkt.)
"Wy matte nei hûs, moarn sykje wy dit wol wer op", sei er. "Wy wite nou hwer't it leit."
De oare moarns kaem er wer yn dy buert. "'t Wie hjir by it krús", sei er. Mar hoe't er fiske, hy foun it net wer.
"Wy matte nei hûs, moarn sykje wy dit wol wer op", sei er. "Wy wite nou hwer't it leit."
De oare moarns kaem er wer yn dy buert. "'t Wie hjir by it krús", sei er. Mar hoe't er fiske, hy foun it net wer.
Onderwerp
AT 1278 - Marking the Place on the Boat   
ATU 1278 - Marking the Place on the Boat.   
Beschrijving
Een domme maaier markeert de plaats waar hij iets in het water liet vallen op de boot.
Bron
Collecte Jaarsma, verslag 1247, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
18 september 1979
Marking the Place on the Boat
Naam Overig in Tekst
Wetterlân   
Mouneein   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
