Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ124801

Een sage (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

It is sahwat 40 jier lyn. Myn skoansuster yn Kûkherne hie in popke. Geartsje hiet se. It bern hat miskien 2 à 3 jier âld west. Alle jounen bigoun it bern om in ûre of 9 to gûlen en dat duorre sahwat oan 'e nachts 12 ûre ta. Hwat se der ek oan dienen, it bern gûlde troch. De medesinen fan 'e dokter koenen har net stil krije. Mei gjin moaije noch kweade praetsjes hâldde se op mei janken. It lei foar de hân, it bern hie fortriet, it hie ergens lêst fan. It wie bislist gjin oanstelderij.
Doe joegen de buorlju de rie: se moesten it kjessen ris iepen meitsje. Dat ha se dien en doe siet dêr in krâns yn. Mei fan alles der yn, dêr't it bern deis mei boarte.
Hoe wie dat spul dêr allegearre yn kaem? It moest wol tsjoenderij wêze.
"Hwat mat ik dêr nou mei dwaen?" frege myn skoansuster.
"Opbrânne", seinen de buorlju.
Fan dy dei oan hat it bern net wer raesd. Wie dat net sterk? Myn skoansuster en sweager hienen in frou op it each dy't it lapt hie, en de buorlju fortochten har der ek fan. Mar dat ha se noait biwize kind.
Geartsje is nou in dikke fjirtich jier.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een klein meisje dat elke avond een paar uur lang huilt blijkt betoverd: een verenkrans met allerhande speeltjes van het kind erin verweven prijkt in het kussen. De krans wordt verbrand en het kindje houdt op met huilen.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1248, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

?
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Geartsje    Geartsje   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21