Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ124807

Een sage (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Skoanmem wenne yn in hiel lyts arbeidershúske.
Doe't se stoar kaem de kiste yn 'e keamer to stean.
De deis dat se bigroeven wurde soe, kaem Oene-om - dat wie har boer - der ek yn. Hy giet de keamersdoar binnen en dan giet er earst alle 4 hoeken fan 'e keamer lâns, en bliuwt dan by de kiste stean.
Hy mompele hwat en makke hwat biwegings mei de hannen. "Dy is goed to plak", sei er.
Skoanmem waerd bigroeven en doe setten wy nei 't lokaeltsje ta. De doomny siet skean tsjin ús oer. Wy as neiste famylje sieten yn in heale rounte.
Oene-om hie hyltyd it each op myn wiif. Hy siet njonken skoanheit. Sûnder dat myn wiif der erch yn hie, siet se to sliepen. Har twade suster krige 't yn 'e gaten. Dy sei: "Dû mast oàrs sitten gean. Dû mast de iene earm oer de oare hinne lizze." Mar it joech net folle, hja slepte iderkear wer yn.
Wy krigen in kop kofje mei in flaubyt der by, doe woe doomny in gebet dwaen. Mar in oar mocht it ek wol dwaen. Doe sei myn âldste suster it 'Onze Vader'op.
Oant dy tiid ta hie Oene-om hyltyd de egen op myn frou rjochte.
Doe't wy de eagen wer iepen dienen, wie Oene-om fuort. Net ien hie 't fornaem, ek net deselden dy't njonken him sieten. "Hwer is Oene bleaun?" seinen se allegearre.
Nei dy tiid wie myn wiif klear wekker. It hie syn wurk west, dat se hyltiten sliepte.

Beschrijving

Een tovenaar zorgt ervoor dat een vrouw steeds in slaap valt. Als hij weggaat, kan de vrouw wel wakker blijven.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1248, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

?

Naam Overig in Tekst

Oene-om    Oene-om   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21