Hoofdtekst
Doe't wy yn 1935 trouden wennen wy by myn wiif har folk yn. Myn wiif hie har pols fordraeid mei 't waskjen. Dy pols waerd hiel dik, hja koe neat mear. Skoanmem siet der mei to wriuwen - 't joech neat. Doe dan mar út klearebare need nei Oene-om ta. Dêr hie myn wiif oars in hekel oan, se wie bang foar him. Sy doarst der net allinne hinne, dat sy naem har jongste suster mei.
Togearre gongen se der op 'e fyts hinne.
Doe't se yn Sweagerbosk by him kamen, sei er: "Liz dyn hân dêr ris del."
Dat die se. Doe sei er: "Jim ha de forkearde kant útwreaun. Jim matte altyd nei de fingerseinen ta wriuwe."
Myn wiif bleau dêr sa mar hwat sitten. Der waerd neat oan 'e hân dien.
"Mat omke der noch net hwat oan dwaen?" frege har suster.
Hy skodholle.
Hja hienen har thé op en soenen wer fuort. Myn wiif krige út gewoante har stoel by 't bekling beet en sette dy tsjin 't bêdsket. Hja die dat mei de hân dêr't de pols fan fordraeid wie, sûnder dat se der erch yn hie.
"Sjochst nou wol? Dû hast der gjin lêst mear fan", sei Oene-om.

Onderwerp
TM 3102 - Belezer geneest mens of dier   
Beschrijving
Een gebedsgenezer slaagt erin een verstuikte pols te genezen door er alleen naar te kijken.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1248, verhaal 6 (archief MI)
Commentaar
?
Belezer geneest mens of dier
Naam Overig in Tekst
Oene-om   
Naam Locatie in Tekst
Sweagerbosk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21