Hoofdtekst
Der wie in man, dy hie in nije broek kocht. Mar dy broek wie him to lang. Dat hy sei tsjin syn frou: "Dêr mat in eintsje ôf, dit liket sa mâl."
De frou seach ris, en sei: "Dû kinst him sa wol drage, hear. Net ien dy't dêr lêst fan hat."
Mar yn 'e nacht krige hja spyt fan dy wurden. Hja gong út bêd wei, naem de skjirre en knipte in eintsje fan 'e boksen ôf.
Beppe, dy't by harren yn wenne hie der ek by west doe't har skoansoan sei dat de boksen to lang wienen. Dat dy gong der dy nachts ek ôf en dy knipte der ek in eintsje ôf.
Der wie nòch ien dy't der by west hie, dat wie de faem. Dy mocht de baes graech lije en hie meilijen mei him, dat er nou in to lange broek drage moest. Dat hja der èk ôf en èk mei de skjirre to set.
De oare moarns luts de man de broek oan. Hy kaem him krekt ûnder 'e knibbels.

Onderwerp
VDK 1328B* - De broek te kort gemaakt   
Beschrijving
Een man klaagt tegen zijn vrouw dat zijn nieuwe broek te lang is maar de vrouw is niet te vermurwen er een stukje af te knippen. 's Nachts krijgt de vrouw spijt en haalt ze een stukje van de broek af. Ook de schoonmoeder en de meid krijgen medelijden en korten - terwijl ze dat van elkaar niet weten - de broek een stukje in. Als de man de volgende ochtend zijn broek aantrekt, komt die tot net boven de knieën.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1249, verhaal 10 (archief MI)
Commentaar
?
De broek te kort gemaakt
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21