Hoofdtekst
't Wie yn 'e tiid fan 'e bisetting. Yn in doarp stie in café, dêr hienen se in papegaei. Se hienen dat beest leard to sizzen: Hitler is dood! En dat sei er wit hoe faek.
Doe kamen dêr ris in pear Dútske ofsieren, en dy hearden dat ek. Dy waerden lulk en seinen tsjin 'e kastlein:
"Nije wike komme wy hjir wer en as er dan wèr seit: Hitler is dood, dan binne jo dêr noch net klear mei.
Doe't dy ofsieren fuort wienen gong de kastlein gau nei de doomny ta. Dy hie ek in papegaei, krekt sa'n ien as hysels hie. Hy sei: "Kinne wy ek in skoftsje ruilje? Sa en sa." "Wis wol", sei de doomny. Doe kaem dy syn papegaei foar de oare yn 't plak.
De oare wyks, dêr kamen de ofsieren wer. Se rounen fuort op 'e kouwe ta, mar de papegaei sei neat.
Doe seinen se 't him foar: Hitler is dood! Hitler is dood! Earst woe it beest neat sizze, mar op 't lêst klonk it:
"Nou, laten wij ons samen danken!"

Onderwerp
VDK 0237D* - "Hitler is dood!"   
Beschrijving
Een papegaai van een café die de spreuk 'Hitler is dood!' aangeleerd heeft gekregen roept die woorden voortdurend. Een groepje Duitse officieren neemt aanstoot aan de spreuk van de papegaai en dreigt de kastelein iets aan te doen als het beest de woorden de week daarop niet afgeleerd heeft. De kastelein ruilt zijn papegaai hierop met de papegaai van de dominee. Als de Duitse officieren weer komen en de papegaai proberen uit te dagen door herhaaldelijk de woorden 'Hitler is dood!' te roepen, zegt de papegaai prompt: 'Nou, laten wij samen danken!'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1249A, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
3 september 1979
"Hitler is dood!"
Naam Overig in Tekst
Hitler   
Dútske   
Duitse   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21