Hoofdtekst
Heit syn beppe - myn oerbeppe - wie Sjoerde Gees. Sy wenne yn in âld hûske yn Koatstertille, njonken 't âld tsjerkhôf. Hja wie baekster en bakere altyd by rikelju yn 'e Koaten. Mar hja wist fan tofoaren hwannear't hja komme moest.
It gebeurde faek dat hja de jouns op bêd gong en wist, dat hja der de nachts út moest to kreamheinen. Hja sei dan, as hja krekt op bêd lei: "Dêr leiste, mar dû mast der aenst doch wer ôf."
Hja hie dan fan tofoaren it klopjen al heard. Sels moarns ûnder kofjedrinken by de kofjetafel hearde hja it.

Onderwerp
SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   
Beschrijving
Een kraamvrouw weet wanneer ze eruit moet om te bakeren omdat ze tevoren kloppen hoort.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1255, verhaal 3 (archief MI)
Commentaar
?
Vorbedeutung anderer Ereignisse
Naam Overig in Tekst
Sjoerde Gees   
Koaten   
Naam Locatie in Tekst
Koatstertille   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21