Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ126803

Een mop (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der wie in jong steltsje, dat wie krekt troud. Hja wennen yn Ljouwert. Hja wienen it wol tige iens togearre, mar de man koe seksueel neat presteare. Dêrom sei de frou tsjin him: "Dû bist in slappeling, dû mast nei dokter ta."
De jonge man seach der bot tsjin oan, hwant hy skamme him dêr om, mar hy die doch it wyfke har sin en doe gong er nei in professor ta yn Grins. Doe't dy him frege hwat der oan mankearde kaem 't der mei stikken en brokken út dat er syn jong wyfke net bifredigje koe.
Doe't de professor dat hearde, sei dy: "O, dat is suver neat, dêr haw ik wol hwat foar. Ik jow jo pillen mei. Jo komme fan Ljouwert? Dan siite jo in ûre yn 'e trein. Om it kertier matte jo ien fan 'e pillen ynnimme en dan sizze jo: Op!"
De jonge man die dat ûnderweis en doe't de ûre om wie en hy út 'e trein moest, koe er syn lytse man net mear del krije, sa stiif wie dy woarn. Dy wie sa great woarn, dat hy koe net iens goed rinne; sa siet er him yn 'e wei.
Hy rôp in kruijer en dy brocht him nei hûs ta.
Doe't er thús kaem, sei it wyfke: "Hwat is dat?"
"Ja," sei er, "sa great is er woarn, ik bin der suver forlegen mei."
"Mar hwer binne dyn gemachten?" frege se.
"O," sei er, "dy komme noch mei Van Gent en Loos!"

Beschrijving

Een man wordt door zijn vrouw naar de dokter gestuurd omdat hij seksueel niets presteert. De dokter geeft de man pillen mee en raadt hem aan op de terugweg in de trein om het kwartier een pil te nemen. Bij het innemen van de pillen moet de man 'Op!' roepen, aldus de dokter. De man volgt de raad van de dokter op en zijn penis zwelt zo hevig dat hij nauwelijks meer kan lopen. Thuis zegt hij tegen zijn vrouw dat de rest van zijn geslachtsdelen door Van Gend en Loos gebracht worden.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1268, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

?

Naam Overig in Tekst

Van Gend en Loos    Van Gend en Loos   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Grins    Grins   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21