Hoofdtekst
Op in kear doe kom doomny by har. De mem wie mei de jonge thús. It âld minske seach doomny oankommen.
"Jonge", sei se, "jow my gau de bibel. Hy leit op 'e kast."
De jonge docht it.
Doomny komt deryn.
"Lêze jo?" freget er.
"Ja, doomny," seit se, "ik mei graech in kapitteltsje oer 't goede lêze."
"Mar jo ha de bibel omkeard foar jo lizzen", seit er.
"Dat komt seja, doomny, ik bin links."
"Lêze jo wol ris dat Jezus foar ús geboaren en stoarn is?"
"Och heden, is dy al wei? Juster ha ik him noch sjoen mei de pikelhearringkarre", seit se.
De doomny tocht: "Dit is hjir net in goed plak foar de jonge." Hy frege him: "Hwer is jimme heit?"
"Heit leit op bêd", seit de jonge.
"Op bêd?"
"Ja, hy hat der fannacht op út west. Doe hat er in stik linnen stellen."
"Dat is grou", seit dûmny.
"Ja, dat sei ús mem ek. Mar sy sei: - As der gjin lekkens fan kinne, kinne der altyd noch wol baelsekken fan."
"Dy jonge mat hjir wei", tocht doomny. "Ik mat him mar nei de boer ta prakkesearje."
Dat gong oan. De jonge rekke yn 't boerewurk.
Op in kear wie er oan 't bargehoedzjen.
Der wie in mot mei biggen by.
Doe kom der in hear oan.
De hear sei tsjin 'e jonge: "Hwaens biggen binne dat?"
"Ast' witte wolste, de mot sines", sei de jonge.
"En hwaens mot is dat dan?"
"De boer sines."
"Hwersanne wennet dy boer?"
"Dan mast ta de achterdoar yn, hwant de foardoar is ferve."
"Dû bist in nuvere kwast", sei de hear. "Dû mast mar us by my komme to iten."
Dat wie ôfpraet.
Mynhear fortelde thús oan 'e feint, dy en dy jonge soe by him to gast komme.
De feint sei: "Dy rare jonge fan sokke rare âlden?"
"Is it sa'n rare jonge?" sei de hear. "Lit dan de hounen mar los as er komt. Dan sil er wol weromgean."
Op in dei gong de jonge op stap.
Underweis sjocht er in hazze yn in strik. Dy hellet hy der út. It beest is noch springlevend.
"Dy nim ik mei nei de hear ta," tinkt er, "dan kinne wy dêr jirpels mei hazze ite."
Hy komt by de hear op it hiem. Mar dy lit de hounen los. It binne wynhounen en sy rinne fuort op 'e jonge ta. Mar hwat dy to dwaen hat, hy hellet de hazze to foarskyn en lit him rinne. De hounen der achteroan.
De jonge stapt dryst nei de hear ta.
Hy seit: "Hwat sille wy ite?"
"Aardappelen en schelvis", is 't antwurd.
"Dat muoit my," seit de jonge, "'k hie leaver hazze hawn, mar affijn."
It iten wurdt op 'e tafel set.
Hja krije elk in skylfisk op 't board.
Mar de hear sines is folle greater.
De jonge nimt syn skylfisk yn 'e hân en hâldt him foar 't ear.
"Hwerom dochstû dat?" freget de hear.
"Ja, sjoch," seit de jonge, "ik haw in healbroer, dy fart op sé. Nou woe 'k us hearre of dy skylfisk der hwat fan wiste."
"Nou, hwat seit er dan?" freget de hear.
"Hy wit der neat fan," seit de jonge, "hy is noch to lyts. Ik mat mar us nei jowes harkje, dy is dikker."
Doe hâldde er de hear syn skylfisk foar 't ear.
"Wel, hwat seit dy der fan?"
"Dy wit der ek neat fan", seit de jonge. "Ik fret him mar op." En hy yt de hear syn skylfisk op.
De hear stjûrde de jonge nei de kelder ta. Hy mocht fan 'e wyn priuwe, mar as er brutael woarde moest de feint him in goed wân op 'e hûd jaen. De feint wie yn 'e kelder.
De jonge der hinne.
Hy preau fan it wynfet.
"Dy wyn is sûr", sei er. "Ik mat dy oare mar us prebearje."
Hy nei in oar fet.
"Dy is ek sûr", sei er.
"Ik sil dy wol helpe," sei de feint, "mei dyn brutale bek." En hy hie de stok al klear.
Mar de jonge dy gong gau hinne en luts de douk út it fet wei dat by him stie. Doe roan de wyn ta it fet út.
De feint wie der opslach by en hâldde de hân der foar. Wylst er dêr sa stie mei de hân foar it spongat, rôp de feint: "Hear! Hear!"
Mar de hear tochte: "Dat is de jonge, dy't sa raest."
En hy rôp: "Toe mar, slach der mar goed op!"
"Goed", sei de jonge. Hy nom de stok en tichele dêr de feint mei ôf.
Doe naeide de jonge út.
En doe kom de baerch mei in greate snút
en dy blaesde it hiele forteltsje út.
Onderwerp
VDK 0921J* - De brutale jongen en de heer   
ATU 1539A* - Closing Up the Wine Cask.   
ATU 1567C - Asking the Large Fish.   
AT 1567C - Asking the Large Fish   
VDK 1832X* - Het linnen was te grof   
VDK 1832Z* - Bijbel (kerkboek) op de kop: "Ik ben links."
  
ATU 1833E - God Is Dead   
AT 1833E - God Died for You   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Hear   
Jezus   
