Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ082703

Een sage (mondeling), zaterdag 10 oktober 1970

Hoofdtekst

Us heit wenne op 'e Skieding ûnder Grinzer Pein. Dêr wenne Rikele Myt ek. Rikele Myt wie in tsjoenster. Hja wenne yn in plaggehutte en sy hie in rest apelbeammen by hûs stean. Dêr sieten dikke apels oan.
Op in joun gong heit dêr mei syn swager hinne to hofkesjongen. Hja hienen twa sekken fol apels.
Ynienen fornimme se hwat. Krekt as kom der in stik fjûr sa op har delfallen. Hoe't ús heit ek prebearre om fuort to kommen, hy koe net in skonk forsette. Dat stik fjûr kom tichterby, mar hy koe noait fan 't hiem komme.
Doe legen se allebeide har sek mei apels. Sy bistoaren it hast fan bangens fanwege dat stik fjûr dat op har ta kom. Doe't se de sekken lege hienen koenen se fuort komme. Heit sei letter: dêr kom ik noait wer, noait wer.
Hy hat der ek noait wer west. Hwat it west hat wyt ik net, mar sy sjogge my der net wer.

Onderwerp

SINSAG 0539 - Hexe bannt an den Platz    SINSAG 0539 - Hexe bannt an den Platz   

Beschrijving

Een stel appeldieven wordt door een heks vastgezet op de plaats terwijl er een vuur op hen afkomt. Pas als de dieven hun buit laten vallen, kunnen ze weer een stap verzetten.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 827, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

10 oktober 1970
Hexe bannt an den Platz

Naam Overig in Tekst

Skieding    Skieding   

Grinzer Pein    Grinzer Pein   

Rikele Myt    Rikele Myt   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21