Hoofdtekst
Der wienen ris yn Bakkefean seis man oan 't laden mei almachtich dikke beammen op in wein. Ien beam wie wol twa kear sa grou as de oaren. Sy koenen 't net struse om dy beam op 'e wei to krijen.
Sterke Ynse stie der sa by. Hy sei: "Sil 'k jim even helpe?"
Dat wie gjin dôvemans praet. Dat nommen se graech oan.
Ynse krige it swierste ein. Tsjin 'e oaren sei er: "Gean mar nei 't lichte ein; wy rêdde it dan wol." Hy tilde de grouwe beam op 'e wein as wie 't in fearke.
Doe't dan de beammen op 'e wein leinen, sei ien fan 'e mannen: "Nou even om in slokje." Mar sy lieten Ynse stean.
Doe't se goed en wol yn 'e kroech sieten, doe gong Ynse nei de wein ta en hy lei alle hout moai wer op 'e groun.
In healûre letter kommen de mannen wer by de wein. Sy seagen raer. Alle beammen leinen op 'e groun.
"As ik jim wer helpe mat," sei Ynse, "bêst, mar dan earst myn slokjes. Sa net, dan bliuwe dy beammen dêr wol lizzen."

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Een buitengewoon sterke man helpt zes mannen een aantal dikke bomen op de wagen te laden. Als de zes mannen de kroeg ingaan zonder de sterke man uit te nodigen, legt die alle bomen weer terug op de weg.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 827, verhaal 6 (archief MI)
Commentaar
10 oktober 1970
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Sterke Ynse   
Ynse   
Naam Locatie in Tekst
Bakkefean   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21