Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ082805

Een sage (mondeling), vrijdag 14 augustus 1970

Hoofdtekst

Op 'e klaei wennen in pear jongelju. Dy hienen yn 't hûs in keldersdoar sitten, dy't altyd fansels iepengong.
't Gebeurde us dat it jonge frommeske jierdei wie.
De âlders fan wjerskanten wienen der útfanhûs.
Se hienen de jounes hwat feest fierd.
It jonge frommes rekke de nachts hwat út oarder. Sy gong fan 't bêd ôf.
S_n mem slepte ûnder, hàr mem slepte boppe.
Syn mem woarde wekker en praette mei 't jonge frommeske.
Ynienen fleagen alle doarren iepen, ek de keldersdoar.
Sy woarden beide kjel en alhiel oerstjûr.
"Dy keldersdoar is wit hoe faek iepen", klage it jonge frommes. Sy wie och sa binaud.
Sy hienen fakânsje en sy soenen in pear dagen nei syn mem ta útfanhûs. De oare moarns soenen se der al hinne en dan soenen se letter ek noch nei hàr folk ta.
Mar de jonge man sei: "Earst sil de keldersdoar ticht."
Der woarde in hiele greate ronge dwars trochhinne slein.
Hja wennen bûten it doarp.
Earst wie it jonge frommes noch even allinne thús. De keldersdoar gong iepen. Hja joech de doar in raem. Doe sette se de radio oan, sy makke kofje en sea aeijen.
Ynienen fljocht de keldersdoar wer iepen en der komt hwat op har ta. Dat hat it fatsoen fan in kachel.
Hja seach opside. 't Wie in kachelgesicht, 't wie gjin gesicht.
Hja krûpte achter de masinetafel en krige in slach op 't gesicht. Hja rekke bûten westen. Doe't hja wer by kom, stie 't ding der nòch.
Hja roan nei bûten ta, mar de kachel ek; dy sette har nei en hja krige wer sa'n slach. Hja rekke foar de twadde kear bûten westen.
Doe't se wer ta har sels kom, stie har man foar har.
Hja raesde it út. Hja fortelde him alles. Der hie sa'n raer ding west, sa en sa.
Hy sei: "Der is neat, kom der mar wer yn."
't Wie al tsjuster. Hy nom de lantearne yn 'e hân en gong nei bûten nei de line ta.
Doe kom itselde ding op hìm ta.
De oare moarns binne se wer nei de Parken gong.
Sy ha dêr noait wer west.

Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

In een bepaald huis springt de kelderdeur steeds open, zelfs als die met een stevige ring wordt afgesloten. Op een dag komt er een kachel uit de kelderdeur die op de bewoners begint in te slaan.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 828, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

14 augustus 1970
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.

Naam Locatie in Tekst

Parken    Parken   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21