Hoofdtekst
Us heit hat froeger boerefeint west yn Grinzer Pein. Hy slepte altyd yn 't bêdsté yn 't bûthús. Doe't er dêr ris wer in kear lei yn 'e nacht, hearde hy leven yn 'e molkenkelder. De molkenkelder wie tichteby 't bûthús. Hy hearde dat der hwat oer de stiennen skoud woarde. Heit gyng dêr ôf en sette nei de molkenkelder ta. Doe woarde dêr in kiste delset. Heit seach der nei en gong even letter wer op bêd lizzen.
Hy lei noch mar even of dêr hearde hy deselde lûden wer. Dy lûden kommen fan 't selde plak, út 'e molkenkelder wei.
Heit der wer ôf en der hinne. Doe stienen dêr twa deakisten, flak njonken elkoar.
In skoftje letter forlear de boer syn beide dochters. Dêr hie heit de kisten fan sjoen.

Onderwerp
SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   
Beschrijving
Een boer hoort 's nachts plotseling geluiden en ziet even later dat er twee doodskisten over de stenen geschoven worden. Het is een voorgezicht: kort daarop sterven zijn beide dochters.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 829, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
2 juni 1971
Der Sarg gesehen
Naam Overig in Tekst
Grinzer Pein   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21