Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ082910

Een sage (mondeling), woensdag 02 juni 1971

Hoofdtekst

It gebeurde yn Strobos dat dêr in frou forstoar. Hja hie har man bilove litten, net ien mocht nei har dea de klean drage, dy't hja droegen hie.
Mar dy man tocht dêr letter net mear om en hy troude wer. Hy joech dat minske de klean fan syn earste frou en dat minske die dy klean oan. Mar sûnt dy tiid kom syn earste frou alle jounen by harren yn 'e hûs.
Doe helle dy man dûmny op, dy moest dy skime oansprekke. Doe't dûmny dy skime gewaer woarde frege er: "Hwerom komme jo hjir wer?"
Doe sei se: "De klean" en doe wiisde se nei de twadde frou, dy't har klean oan hie.
Doe sei dûmny tsjin har: "Dy klean sil se net wer drage."
En dat hat se ek net dien en sûnt dy tiid ha se gjin lêst wer hawn fan de earste frou.

Onderwerp

SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)    SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   

Beschrijving

Een vrouw laat haar man op haar sterfbed beloven dat niemand anders na haar dood haar kleren zal dragen. De man stemt toe. Als de man hertrouwt, breekt hij zijn belofte door zijn tweede vrouw de kleren van zijn eerste vrouw te laten dragen. Prompt verschijnt de geest van de dode vrouw iedere avond bij het huis. De man laat de dominee de dode aanspreken. Als de overleden vrouw te kennen geeft dat ze ermee zit dat de andere vrouw haar kleren draagt, beslist de dominee dat de vrouw de kleren niet meer zal dragen. De wens van de vrouw wordt alsnog vervuld en zij vindt rust.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 829, verhaal 10 (archief MI)

Commentaar

2 juni 1971
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).

Naam Locatie in Tekst

Strobos    Strobos   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21