Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ082911

Een sage (mondeling), woensdag 02 juni 1971

Hoofdtekst

Der wie ris in manspersoan, dat wie in goddeloazen-ien, dy joech nergens om. 't Wie yn 'e tiid, doe wienen der noch gjin fytsen en auto's. Op in kear hie dy man nei Feankleaster ta west, nei de klearmakker, dy't him in nij pak oanmetten hie. Dy keardel leaude oan neat en hy hie tsjin 'e klearmakker sein: "As der in duvel is, dan kin er my aenst tomjitte komme, as ik nei hûs ta gean."
It koartste paed doe wie troch de Feankleaster bosken. Dêr gong dy man doe ek lâns op 'e weromreis. Doe't er in eintsje yn 'e bosk op wie, doe lei dêr in manspersoan dwars oer 't paed. Hy rint om dy man hinne en giet fierder.
Mar in eintsje fierder dan leit dyselde manspersoan wèr foar him oer 't paed.
Wèr rint er om him hinne en giet fierder. Mar in eintsje fierder leit dyselde keardel dêr wèr. Mar doe sprong dy keardel oerein en pakte him. En hy hat dy man sa bot knypt, dat hy wie blau en bont, doe't er thús wie.
Hy hie sokke slimme wûnden krige, dat hy hat mar achttsjin wiken mear libbe. Doe stoar er oan syn wûnden. Fóár syn dea hat er sein: "Nou siz ik noait wer dat der gjin duvel is."

Onderwerp

SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).    SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   

Beschrijving

Een goddeloze zondaar pocht 'als er een duivel is, moet hij me maar tegemoet komen'. Als de man op weg naar huis is, treft hij tot drie keer toe een man aan die dwars over het pad ligt. Bij de derde keer springt de man op en knijpt de zondaar fijn. De zondaar overlijdt een paar maanden later aan zijn verwondingen.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 829, verhaal 11 (archief MI)

Commentaar

2 juni 1971
Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).

Naam Locatie in Tekst

Feankleaster    Feankleaster   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21