Hoofdtekst
Op in kear roan Hearke nei Ljouwert ta. Dat gong oer Wargea.
Dêr wienen guon krekt mei beammen oan 't laden op in wein.
Ien beam, dat wie in tige grouwen, dy koenen se noait oer de ronge hinne op 'e wein krije.
Doe wie Hearke der oan kom.
Doe hienen se Hearke frege: "Wolle jo ús eefkes helpe om de beam oer de ronge hinne to krijen?"
"Jawol", hie Hearke sein.
Doe hie hy allinne it skouder ûnder dy grouwe beam set en sa hied er him oer de ronge hinne wipt.
Mar doe't dat dien wie hienen se net sa fatsoenlik west om him to bidanken. Dat stie Hearke min oan. Hy tocht: ik sil jim fatsoen leare. Hy sei: "De beam mat noch in lyts knikje ha, hy leit net al to goed."
Doe hied er syn skouder der wer ûnder set en him der wer ôf wipt oer de ronge hinne.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Sterke Hearke helpt een stel mannen een zware boom goed op de wagen te krijgen. Als de mannen niet het fatsoen hebben Hearke te bedanken, wipt hij de boom weer van de wagen af.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 833, verhaal 10 (archief MI)
Commentaar
3 juni 1971
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Hearke   
Sterke Hearke   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Wargea   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21