Hoofdtekst
Froeger loofde men aan tsjoenderij. 't Is us in keer gebeurd by ons tuus, toen was mijn zuster nog in lyts famke.
Der kwam faek in bolrinster bij ons. Op in kear, doe joech se het famke een slútappel. Doe die se nachts oars neat as jammeren en razen. En se gûlde hyltyd, totdat der ien fan 'e buorren sei: "Jimme matte ris yn 't famke har kessen sjen. Miskien is de kleine meid wel bitsjoend."
Doe wurde it kessen iepen makke en doe kamen der twa krânskes út, fan fearkes, dy't oanelkoar sieten mei it stopjern, dat ús mem dageliks brûkte en it trêdde krânske wie bijna folmaakt.
De krânskes binne forbrând en it bern is fan stondôf mei 't jammerjen ophâlden.
Wylst de krânskes opbrând waerden fleach it fjûr boppe út 'e skoarstien. De buorljue stienen der nei to sjen.
De tsjoenster kaem der oan, mar fader hat har bij de doar wei skopt.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een klein meisje eet een vrucht op die ze van een koopvrouw gekregen heeft en kan vervolgens niet meer ophouden met jammeren. Als er drie verenkransen - waren twee voltooid - in het kussen prijken, wordt duidelijk dat het meisje betoverd is. De kransen worden verbrand en het meisje stopt terstond met huilen. Als de heks - de koopvrouw - nadert, schopt de vader van het meisje haar bij de deur weg.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 835, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
3 juni 1971
Heks maakt kind (mens) ziek
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21