Hoofdtekst
It wie yn 'e oarloch.
Der wie in kastlein, dy hie in papegaei. Dy sei altyd:
"Hitler is dood."
In Dútse soldaet, dy hearde dat en woarde lulk.
Hy sei it tsjin in Dútse ofsier en doe gong dy mei in opgestroken seil nei de herberch.
Mar de kastlein hie al lont rûkt en wie gau mei syn papegaei nei doomny tagien en hie dy frege of er in skoftsje mei dy syn papegaei ruilje mocht.
Dat wie de doomny wol goed. En sa kom it, dat doe't de ofsier yn 'e herberch forskynde, dêr de papegaei fan 'e doomny yn 'e kouwe siet.
De ofsier kom op it beest ta en sei: "Siz us hwat."
Mar it beest sei neat.
"Siz us: - Hitler is dood!"
It beest sei noch neat.
"Siz us: - Hitler is dood - Hitler is dood - Hitler is dood."
Doe sei de papegaei tige plechtich: "Laat ons samen daarvoor danken."

Onderwerp
VDK 0237D* - "Hitler is dood!"   
Beschrijving
Een Duitse soldaat hoort een papegaai van een kastelein 'Hitler is dood!' roepen en wordt hier erg boos om. De soldaat vertelt het aan de officier en die spoedt zich woedend naar de herberg. De kastelein - die al nattigheid voelde - heeft in de tussentijd zijn papegaai omgeruild voor de papegaai van de dominee, die vromere taal uitslaat. Als de officier de papegaai begint uit te dagen, zwijgt deze aanvankelijk. Als de officier 'Hitler is dood!' begint te roepen, zegt de vrome papegaai prompt: 'Laat ons samen daarvoor danken'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 843, verhaal 2 (archief MI)
Commentaar
26 juni 1971
"Hitler is dood!"
Naam Overig in Tekst
Hitler   
Duitse   
Naam Locatie in Tekst
Dútse   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21