Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ084508

Een sage (mondeling), maandag 28 juni 1971

Hoofdtekst

Der wenne in doomny yn in doarp, dat wie in echte folksman. Hy wie o sa flot.
Kommen de minsken by him yn 'e tiid fan kofjedrinken, dan moesten se mei kofjedrinke; wie 't ûnder iten, dan moesten se mèi ite. Net ien woarde by de doar fuortstjûrd.
Doe kom der ris op in kear in man ûnder iten. Dy belle dêr oan en de doomny liet him der yn. 't Wie tsjin iterstiid en de doomny frege him of er mei ite woe.
"Jawol", sei de man.
Hy skikte mei oan tafel en doe kom der earst in panne mei sop op 'e tafel to stean, dêr skepte mefrou fan yn 'e boarden. Doe't se dat dien hie, sei dy man tsjin doomny: "Hwat tinkt jo, sille wy even 't Wilhelmus sjonge?"
Doomny bigrypte 't net en frege: "Hwerom?"
Hy sei: "It sjongen heart sa moai oer 't wetter."

Onderwerp

VDK 1742* - Zingen voor de soep    VDK 1742* - Zingen voor de soep   

Beschrijving

Een vlotte dominee liet de mensen nogal eens bij hem koffie drinken en eten. Op een keer was een man uitgenodigd mee te eten. Als eerste werd de soep opgediend. De gast stelde voor om even het Wilhelmus te zingen. De dominee vroeg waarom ze dat zouden doen. De man antwoordde dat dat zo mooi klonk over het water.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 845, verhaal 8

Naam Overig in Tekst

Wilhelmus    Wilhelmus   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21