Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ084613

Een mop (mondeling), woensdag 30 juni 1971

Hoofdtekst

Der wienen trije poepen, dy setten op Fryslân ta. Doe't se by de grins ta praetten se ôf, se woenen alle trije de Fryske tael leare.
Der stie in jonkje oan 'e kant fan 'e wei. Syn heit wie by him. "Sjoch heit," sei dat jonkje, "trije poepen."
"Das will ich entholden," sei de iene poep, "trije poepen." En sy gongen fierder.
Doe wie dêr in faem yn 'e jister, dy siet to melken. De koe woe net fan rjochten. Doe sei se: "Om, kou."
Doe sei de oare poep: "Das will ich entholden: om kou."
En sy gongen wer fierder.
Doe kommen se by in timmerman. Dy hie in planke skaefd en dêr seach er sa oerhinne. Doe sei er: "Dat is rjocht."
"Das will ich entholden", sei de trêdde poep. "Dat is rjocht."
Doe kom har in plysje achterop, dy bleau by har stean en sei: "Dêr is in moart dien. Witte jimme ek hwa't dat dien hat?"
"Trije poepen", sei de earste.
"Soa, en hwerom?" frege de plysje.
"Om in kou", sei de twadde.
Doe sei de plysje: "Dan matte jimme mar oan 'e galch."
"Dat is rjocht", sei de trêdde.


Onderwerp

AT 1697 - "We Three; For Money"    AT 1697 - "We Three; For Money"   

ATU 1697 - “We Three; For Money.”    ATU 1697 - “We Three; For Money.”   

Beschrijving

Drie poepen besloten de Friese taal te leren. Ze hoorden een jongen tegen zijn vader roepen: "Kijk pa, drie poepen." Ze zagen een meid de koe melken. De koe stond niet goed en ze zei: "Om koe." Daarna zagen ze een timmerman de plank die hij geschaafd had inspecteren. Hij zei: "Dat is recht." Toen kwam er een politieagent naar ze toe. Er was net een moord gepleegd en hij vroeg of de mannen wisten wie dat gedaan hadden. Ze zeiden: "Drie poepen." De agent vroeg waarom dan. "Om een koe," zeiden de mannen. De agent zei dat ze dan maar aan de galg moesten, waarop ze antwoordden dat dat recht was.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 846, verhaal 13

Commentaar

30 juni 1971
"We Three; For Money"

Naam Overig in Tekst

Duitser    Duitser   

Poepen    Poepen   

Naam Locatie in Tekst

Fryslân    Fryslân   

Friesland    Friesland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21