Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ084706

Een sage (mondeling), woensdag 02 juni 1971

Hoofdtekst

Der wienen ris in stik of hwat timmerliuwe, dy wienen mei in hûs oan 't bouwen. Dat hûs stie net sa fier fan ien fan dy mannen ôf. Dy man wie noch net sa lang troud. Syn wyfke koe fan 't hiem ôf har man dêr arbeidzjen sjen.
Hja wist ek wol dat, as de spanten op it hûs sieten en de maeijebeam kom der op, dat der dan hwat fan jown woarde.
Elk fan 'e timmerliuwe krige twa ryksdaelders, dat mantsje, dat tichteby wenne, ek. Hy sei tsjin 'e oaren: "Hwat sil myn wyfke dêr mei ynnom wêze!"
Doe seinen de oaren tsjin him: "Bist net wiis? Dy sinten mast sels hâlde, dan kinst der aenst nochris in buorrel foar keapje."
Hy tocht: It is ek sa.
Hy kom dy jouns thús. Under iten sei 't wyfke: "De maeijebeam stiet op it hûs. Ha jim ek hwat krigen?"
"Wis al", sei er. "Mar it binne arbeidersminsken, dan soppet it net sa rûm. Wy krigen allegearre kofje mei in stik koeke. Dat wie bêst."
It wyfke sei: "'t Is ek sa." En der woarde fierder net mear oer praet.
Mar de man hie noed mei syn twa ryksdaelders. Hy hie 't der swier mei. Hy roan mar mei dat jild om en hy wist mar net hwer't er it bringe moest. Yn 'e bûse hâlde koe ûnmooglik, hwant dan soenen se der útrolje as er de broek oer de stoel lei. Yn 'e bûsdoek biknoopje koe like min. Hy prakkesearre mar.
De frou lei al op bêd. Hja hie al in kear of hwat roppen: "Komst ek op bêd?" - dat hy moest op 't lêst ek wol hinne. En hy hie de ryksdaelders noch altyd yn 'e hân. Sa kom er op bêd to lizzen. Mar hy koe noait yn 'e sliep komme. Hwer moest er mei dy ryksdaelders hinne. Hwant hy tochte: As ik moarn wekker wurd tink ik net om dy ryksdaelders en dan bliuwe dy op bêd en dan fynt myn wiif se mei 't bêdopmeitsjen.
Doe't er sa in skoft lein hie en àl mar prakkesearre foun er op 't lêst in útwei. Hy soe se yn 'e flippe fan 't himd biknoopje. Dat gebeurde en doe foel er rêstich yn 'e sliep.
De oare moarns, ûnder thédrinken, woarde der net folle praet. Doe sei de frou sa: "Ik hie in nuver gefal. 'k Hie fan 'e moarn twa ryksdaelders yn myn himd biknope."


Onderwerp

VDK 1407* - De rijksdaalder in het hemd    VDK 1407* - De rijksdaalder in het hemd   

Beschrijving

Een man vertelde zijn vrouw niets van de twee extra rijksdaalders die hij die dag had verdiend. Maar hij wist ook niet goed waar hij ze moest verstoppen. Hij lag in bed met de munten in zijn hand, te bedenken waar hij ze zou laten. Toen besloot hij ze maar in zijn hemd te knopen. De volgende ochtend zei de vrouw dat er zo iets raars was gebeurd: ze had die ochtend twee rijksdaalders in haar hemd gevonden.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 847, verhaal 6

Commentaar

2 juni 1971
De rijksdaalder in het hemd

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21