Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ084801

Een sage (mondeling), dinsdag 13 juli 1971

Hoofdtekst

Us oerpake hat alris in bijeflecht foun. Doe't er yn Napoleonstiid in namme opjaen moest sei er: van der Flecht. Fanwege dy bijeflecht. Mar dat mocht net omt 'Flecht' in Frysk wurd wie. Doe is 't 'Vlugt' woarn. Hy hiet sûnt Wibe Popkes van der Vlugt.
It gebeurde yn 1856 of '57. Itske wie myn omke, in broer fan heit. Sy wennen yn in greate plaets oan 'e Folgerster loane. Itske wie doe sechstjin jier. Hy kom op in moarn fan bêd ôf en sei: "O, o, hwat haw ik fannacht in rare droom hawn. Ja, 't wie eins mear in 'gesicht' as in droom. Hwant ik wie wekker. Ik hearde mem gûlen en heit èk en Popke ek (dy wie sawn jier) en Wibe ek (± 18 jier). En Romkje, de faem stie ek to gûlen. Ik ha Romkje mei Jeltsje ('t lyts famke) op 'e earm stean sjoen. Jeltsje wie fordronken."
Itske wie der o sa raer fan.
In wike of hwat letter, op in snein, gongen Itske en Wibe nei tsjerke ta. 't Wie de herfoarme tsjerke fan Rottefalle. Doe't de preek dien wie gongen se wer nei hûs ta. Sy moesten oer in houtsje om op it hiem to kommen. Itske tocht: Hea, dêr leit hwat yn 'e sleat. Doe sjen, en doe seach er lytse Jeltsje dêr yn lizzen. Hy helle har der fuort út, mar sy wie al dea.
De oaren hienen by in skiep wêze matten wylst de beide âldste jonges nei tsjerke ta wienen. Dat skiep liet him net maklik krije. Doe allen der achteroan. Sadwaende hienen se Jeltsje út it eech rekke en dy kom dêrtroch yn 'e sleat torjochte. Romkje nom it famke gau yn 'e earm en alle oaren der achteroan. Allegear skriemden.
Dat tafriel hie Itske in wike of hwat tofoaren op in nacht foar egen hawn.


Onderwerp

SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht    SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   

Beschrijving

Jongen droomt enige tijd van te voren dat een verdronken meisje in de armen van een vrouw ligt.

Bron

Corpus Jaarsma, Archief Meertens Instituut, verslag 848, verhaal 1

Commentaar

13 juli 1971
Das zweite Gesicht

Naam Overig in Tekst

van der Flecht    van der Flecht   

van der Vlugt    van der Vlugt   

Wibe Popkes van der Vlugt    Wibe Popkes van der Vlugt   

Itske    Itske   

Romkje    Romkje   

Jeltsje    Jeltsje   

Wibe    Wibe   

Naam Locatie in Tekst

Napoleon    Napoleon   

Folgersterloane    Folgersterloane   

Folgerenlaan    Folgerenlaan   

Rottefalle    Rottefalle   

Rottevalle    Rottevalle   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21