Hoofdtekst
Alle Tet, dat wie swarte Piter syn mem. Hja wenne op 'e Bulten en wie in tsjoenster. Us heit woe dat net oan.
Mar doe kom er ris op in nacht thús om in ûre of tolve. Hy wie mei hynder en wein. Doe seach er dêr hwat by de hoeke fan 'e dyk. It wie krekt in hoopke fodden. Hy tocht: dêr wol 'k mear fan wite.
Ho! sei er tsjin 't hynder. Doe wie dat de holle fan Alle Tet, dy't dêr út dat hoopke fodden kom.
Doe woe heit wol leauwe dat it in tsjoenster wie. Hy sei: "Hwat mastû hjir noch yn 't holst fan 'e nacht, âlde duvel? Mast bliksemse gau meitsje datst thús komste, oars rêd ik my dy." Hja hie in wollene skelk om 'e holle hawn.

Beschrijving
Alle Tet, de moeder van zwarte Peter, was een heks. Een man zag haar eens rond middernacht op de weg in een hoop vodden liggen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 850, verhaal 2
Commentaar
10 juni 1971
Naam Overig in Tekst
Alle Tet   
Piter   
Bulten   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21