Hoofdtekst
Sterke Hearke hie in dochter, dat wie Rixt. Dy wie omtrint like sterk as har heit. Hja hat forpleechster west yn 't gekkehûs to Súdlaren. Dêr sieten wolris fan dy lju tusken, dêr wienen se mei oan. Sokke gekken setten se dan yn in kouwe. Mar dêr moesten se ek wolris wer út om bihandele to wurden. As sa'n ien dan net om 't lyk woe, hellen se Rixt der by, hwant dy wie ôfgryslike sterk yn 'e earms. As Rixt by sa'n ien kom, waerd er sa koest as in lamke.
Hearke syn frou wie o sa meger. Ien fan syn soannen ek. De jonges wienen wol bihoarlik sterk, mar sy kommen lang net oan har heit ta. Twa fan 'e soannen hieten Klaes en Tabe.
Hearke syn frou wie o sa meger. Ien fan syn soannen ek. De jonges wienen wol bihoarlik sterk, mar sy kommen lang net oan har heit ta. Twa fan 'e soannen hieten Klaes en Tabe.
Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Rixt was de sterke dochter van Sterke Hearke. Zij werkte in het gekkenhuis. Zij werd altijd op de lastige mensen afgestuurd, die meteen rustig werden als ze haar aan zagen komen. De vrouw van Sterke Hearke was vreselijk mager, net als een van zijn zonen. Zijn zonen waren ook wel zo sterk, maar niet zo sterk als Hearke zelf.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 850, verhaal 1
Commentaar
10 juni 1971
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Rixt   
Sterke Hearke   
Súdlaren   
Klaes   
Naam Locatie in Tekst
Zuidlaren   
Tabe   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21